In
Wanneer:
30 maart 2023 @ 20:00 – 22:00
2023-03-30T20:00:00+02:00
2023-03-30T22:00:00+02:00
Waar:
De Klink
Kosten:
€ 7,50 (inclusief koffie en thee)
Contact:
Histoarysk Koudum/De Súdwester

 

Op 30 maart organisearje De Súdwester en Stichting Histoarysk Koudum in lêzing yn doarpshûs De Klink. It wurdt wer in bysûndere lêzing, dy’t jûn wurdt troch Bert Looper. Dizze histoarikus wie fan 2007 oant-en-mei 2021 direkteur fan Tresoar. Nei syn stúdzje skiednis yn Grins, folge hy de Argyfskoalle yn Den Haach en waard stêdsargivaris fan Sutfen en Den Bosch en letter noch direkteur fan it Historisch Centrum Overijssel yn Swol. It Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar is fêstige yn Ljouwert en is de skatkeamer fan de skiednis fan Fryslân. Men kin dêr ûnder oare âlde kranten en rjochtbankferslaggen trochspitte en ek foar stambeamûndersyk kinst dêr goed terjochte.

Looper hâldt nei syn ôfskied as direkteur fan Tresoar in soartemint fan ôfskiedstoernee troch ús provinsje en jout op útnûging lêzingen. Yn dy lêzingen fertelt er ek oer it doarp of gea dêr’t hy op dat stuit is. Yn syn lêzing yn De Klink giet Looper dan ek yn op wat no krekt de identiteit fan Koudum is. It giet him net allinne om it doarp sels, mar benammen om de fraach hoe’t de Fryske skiednis yn it algemien dy fan Koudum bepaald hat.

Miskien is it mooglik om it ferhaal fan Koudum op ’e nij te fertellen, mei nije ynfalshoeken en aksinten. It sil yn elts gefal bliken dwaan dat it ferhaal fan Koudum ek it ferhaal fan de Fryske en miskien sels Nederlânske skiednis is. Taharkers yn De Klink kinne ek meiprate en fragen stelle. Al mei al liket it op 30 maart yn De Klink in boeiende jûn te wurden.

De lêzing fan Bert Looper op tongersdeitejûn 30 maart 2023 yn doarpshûs De Klink yn Koudum (Tinholtstraat 1) begjint om 20.00 oere. Kaartsjes binne oan ‘e seal te keap foar € 7,50, ynklusyf kofje of tee.