In Geen categorie

Koudum wie der al wiken op taret. Wa’tst fan de Koudumer toanielgroep Artiku ek tsjinkaamst, alle kearen krigest de meidieling: it toanielstik fan 2025 wurdt oars as oars. Fjirtjin dagen foar de twa foarstellingen op 21 en 22 maart ‘warskôge’ de Facebookside fan Artiku noch mar ris: “dit jaar anders dan anders”. Dus de meidieling fan de regisseur flak foar oanfang dat de foarstelling dit jier oars as oars wurde soe, hie echt net nedich west: dat wist elkenien yn de seal wol.

Mar it wie ek sa! Gjin klucht fol kolderike tafrielen, gjin (haadrol)spilers dy’t de oandacht nei har ta lutsen, mar in echt ensemblestik mei moaie toanielbylden en in goreografy dêr’t it noflik nei sjen wie. En mei personaazjes dy’t allegearre in eigen ferhaal hiene dat foar in flink part troch it publyk fierder ynfolle wurde koe. En dan ek noch mei de nedige humor.

De foarstelling fan Artiku, Wer sil dat hinne, kaam ta stân troch de gearwurking mei regisseur Jort Breeuwsma. It is ien fan de fiif foarstellingen fan it projekt Match, in inisjatyf fan Stichting Visie AmateurTheater, wêrby’t in Frysk amateurtoanielselskip keppele waard oan in jonge regisseur. It útgongspunt wie dat de regisseur mei fernijende eagen oan it wurk gean soe en de feriening op in oare wize wurkje litte soe.

Dat is krekt wat Jort Breeuwsma mei Artiku dien hat en sa waard út ymprovisaasjes wei it stik Wer sil dat hinne makke. Op dizze wize te wurk gean loste ek it probleem op dat de toanielgroep dit jier bestie út tsien froulike en mar twa manlike akteurs.

It dekôr wie tige ienfâldich en tige effektyf: twa banken op it toaniel, mei dêrachter in stasjonsklok. Want it stik gie oer in groep minsken dy’t op in Frysk stasjontsje steane te wachtsjen op in trein dy’t net komt. Op de fraach oan it oanwêzige spoarweipersoniel wannear’t der in trein komme soe, kaam hieltyd itselde antwurd: ‘moarn’.

De personaazjes wiene útienrinnend genôch om ynteressant te wêzen. Sa wie der Roos, dy’t wachte oant Jeroen út de trein stappe soe, dy’t se allinnich noch mar fia in datingsite koe. Amanda en Jadelief wiene nochal spiritueel ynsteld, hoewol: de iene mear as de oare. Claudia, de iennige dy’t Nederlânsk prate yn it fierder Frysktalige selskip op it stasjon nimt al wachtsjend noch mar ris har papieren troch. Se hat fêst in serieuze baan.

Geregeld de laits stelle de hippyfroulju op leeftiid en in running gag is ek Joltsje, de âldere, wierskynlik licht demintearjende frou dy’t tekkentsjes breit foar de earme berntsjes. En se hat in soan. Dy hyt Jeroen, dus dat jout te tinken! En dan is der ek noch Joris, in jonge gast dy’t in rêchsek fol iten hat, wat goed fan pas komt no’t de trein mar op him wachtsje lit. Joris wurdt der sa mar moai troch stimulearre in kiosk op it stasjon te begjinnen. In tige effektive rol hat ek Sjaan, mei har krityske kommentaar.

De losse ferhalen fan de ferskate personaazjes wurde troch de rezjy goed ynkadere trochdat it stik begjint en einiget mei in wat riedseleftige, of miskien sels wol absurdistyske goreografy dy’t út en troch yn it stik ek te sjen is as der wat tiid oerslein wurdt. Dat makke dat it stik Wer sil dat hinne fan Artiku dit jier yndied oars as oars wie.