In Geen categorie

De bibleteken Balk en Koudum organisearre foarlês- en fotosessys mei Tomke.

Op woansdei 5 juni tusken 15.30 en 16.00 oere kinne bern yn de bibleteek Koudum op de foto mei in echte en libbensgrutte Tomke, en op tongersdei 6 juni tusken 15.30 en 16.00 oere kin dat yn bibleteek Balk. Alders, fersoargers mar ek pakes en beppes binne fansels wolkom. Nim wol jo eigen fototastel mei?

Dizze fotoaksje mei Tomke fynt plak yn it ramt fan de Fryske Foarlêswike fan 3 oant ‘e mei 7 juny. Yn dizze wike wurdt der op ûngefear 400 lokaasjes yn de hiele provinsje foarlêzen út it nije Tomke boekje.

It foarlêzen fynt plak yn pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Sa’n 500 frijwilligers wurkje hjir oan mei en lêze de bern foar. Nei ôfrin krije alle bern in fergees eksimplaar fan it nije Tomke boekje mei nei hûs. Sa kin it (foar)lezen thús fierder gean.

Sjoch ek op www.bibliotheekbalk.nl of wwwbibliotheekkoudum.nl.

bron: Balkster Courant