In Geen categorie

3 Nei Koudum ta: de Hoofdstraat

It is april 2016.
“Wêr leit Koudum?” frege myn frou.
”Yn ‘e súdwesthoeke fan Fryslân, sis mar sa’n bytsje tusken Starum, Hylpen en Warkum yn, mar dan in pear kilometer fan de Iselmar ôf.”
Se hie no likernôch wol in idee. 
“Hoe dat sa?” frege ik.
“Dêr stiet in galery te keap”.

In net iens sa’n lang ferhaal noch in hoartsje koarter: in heal jier letter wennen wy yn de Hoofdstraat yn Koudum en noch in pear moannen letter iepene deputearre fan kultuer fan de provinsje Fryslân Sietske Poepjes ús eigen galery. Ik moat fuortendaliks, at ik earlik wêze wol, noch wol efkes sizze dat boppesteand petearke tusken de frou en my net yn it Frysk wie, mar yn it Hollânsk. Ik koe doe al wol aardich Frysk prate, mar myn frou hielendal net. Op dit stuit soene we dat petearke wol yn it Frysk dwaan kinne, want hja hat by de Afûk west en we fine it sa no en dan wol noflik om by it kofjedrinken Frysk mei-inoar te praten.

Hoofdstraat, schilderij van Ad Kling 2021

Dy Hoofdstraat yn Koudum wie ien fan de saken dy’t ús wol oanstiene doe’t wy – wol in heale wike! – neitochten of ‘dy galery yn Koudum’ wat foar ús wêze soe. Yn Castricum, dêr’t wy doe wennen, hiene we in supermerk op sa’n 500 meter ôfstân en nei de Poiesz yn Koudum wie it noch net iens de helte! Fierder wie der yn Koudum in tennisklup en in fersoargingshûs. Ja, je moatte oeral om tinke, ik wie by einsluten al mei pinsjoen. En ek al stiene der wat winkels neist de galery leech, it like der op dat der noch wol aardich winkeldrokte wie yn de Koudumer Hoofdstraat.

Dochs wie fan dy drokte net folle te fernimmen doe‘t wy op in reinige moandei nei Koudum ôfreizge wienen om dêr ris te sjen. Dat foel letter op in oare dei en mei it sintsje derby wol ta. En noch altiten is it sa dat wy foar sa’n lyts plakje as Koudum net kleie meie oer ús winkelstrjitte, al docht in Koudumer dat dochs wol graach. Want ja, we ha hjir gjin Blokker en gjin Action en wat moat in Koudumer mei in galery of in tattooshop? Mar hokker doarp fan noch gjin 2700 minsken hat soks, plus in ytkafee ‘Spoorzicht’ en neist in supermerk ek noch in echte bakker, slachter en grienteboer?

En dêrmei binne we der lang noch net, want at ik it oer de winkels yn Koudum ha, moat ik noch in hiele opsomming meitsje. We ha nammentlik in drogist, in fytsmakker, in boekhannel, in fiskwinkel, in omrinwinkel (en om ‘e hoeke by de haven noch in hiele gruttenien), in kofjehúske, it âld kafee fan Dirk mei skean dêr tsjinoer it nijmoadrich yttintsje fan Jan de Pianoman, in gewoan kafetaria en in lunchroom dy’t ek pizza’s besoarget! Jawis, dat hawwe wy allegear yn ús winkelstrjitte, dy’t fansels behalven de Hoofdstraat ek noch trochrint yn de Verlengde Hoofdstraat, want dêr sit ek noch in moai blommewinkeltsje en de aparte ûndernimming fan Marcel en Jennie mei harren tattooshop en ‘conceptstore’.

En, wis, ik ha de ferhalen wol heard dat der eartiids wol fiif bakkers yn de Hoofdstraat wiene, mar ik ha oan ien genôch. En ik ha sels sjoen dat in kleanwinkel, de skuonwinkel en it Sjineeske restaurant de ôfrûne jierren ferdwûn binne. Dat de snobbersguodwinkel it net oprêde koe, lykas de kompjûterwinkel dêrnei, mar it koe allegear wol minder, want we ha der ek wer in kleanwinkeltsje by krigen.

‘Wat zitten jullie in een leuk straatje’, seinen lêsten besikers fan oer de provinsjegrins. No sa.

Dizze column stie earder yn koartere foarm yn it febrewarisnûmer fan Bulte Nijs. Nederlandse versie (Een Nederlandse versie verscheen ook op Brekt!)