In Geen categorie

Koudum, 15 augustus 2026 – troch Ulfert de Jong – It boek Kriich tsjin frjemdfolk, skreaun troch J.P. Wiersma en yn 1946 útjûn troch A.J. Osinga yn Boalsert stie by ús thús yn de boekekast. By it ferhûzjen is it fêst by de kringloop belâne. Lokkich fûn ik by Histoarysk Koudum noch in eksimplaar. It boek is daliks nei de oarloch skreaun, sadat de skriuwer noch net ôfstân nimme koe fan alles wat der bard is yn dy tiid. It foarwurd is skreaun troch A. Meijer, Oud -Gewestelijk Commandant N.B.S. Friesland. By ‘fan de skriuwer’ betanket Wiersma him foar syn stipe. Hy betanket ek de ‘gewestelijke’ kommandanten wêrûnder majoar Siemen de Jong fan Balk. Dizze lêste opereare in tiidsje fan Koudum út.

It boek is skreaun yn in de Fryske stavering fan dy tiid, sadat it muoite kost om it fluch te lêzen. Der komt yn it boek ek noch in bulte haat foar tsjin de Dútsers oer. Der wurdt sprutsen oer poepen en moffen. Mannich kear wurdt der skreaun lykas: ‘Yn Dokkum waarden tweintich goede Nederlanders troch de Dútsers as hounen deasketten. Nei de befrijing hat op datselde stee opnij bloed floeid. Gestapo agint Maus waard troch de NBS deasketten. Mar mei de dea fan dy grutte lânferrieder wie de moard op de tweintich Nederlanders boete’.

Der wurdt tige maklik praat oer it deasjitten fan tsjinstanners. Noch in foarbyld: ‘Ja sei Flip wy ha hjir yn Lemmer ek ris sa’n grutte dogeniet it ljocht útblaest. Hy mocht kieze hoe oft hy eksekuteare wurde woe. Mei in inkeld skot wie hy út ’e tiid’. Faaks kaam dit boek wat te gau, want de skriuwer koe alle ferhalen ek hast noch net witte.

Yn dit boek kaam ik ek noch wat tsjin oer de brêge en de brân fan de herberch op ’e Galamammen by Koudum. Us heit fertelde wolris oer wat der mei de brêge op ’e Galamadammen en kastlein Jan de Bos barde oan de ein fan ’e de oarloch. Yn it deiboek fan de skilder Willem Jans Dijk wurdt dêr ek oer skreaun. Hoe dat kin? Willem Jans Dijk wenne fan ein 1942 ôf yn ’e herberch op ’e Galamdammen. Hy docht yn syn deiboek wiidweidich ferslach fan it yn ‘e brân stekken troch de Dútsers fan de herberch en de stâl op ’e Galamadammen. Wy kinne no dizze ferzjes moai neist elkoar lizze.

Op it ein fan de oarloch waarden ferskate brêgen jûns ôfsluten. Wêrom waarden de brêgen ôfset, freegje ik my wolris ôf. Op ferskate plakken binnen minsken dea rekke by gefjochten by dy brêgen. Asto op it lêst fan de oarloch in brêge nachts ôfdraaist, sa as de ûndergrûnse in protte die, dan kin de fijân net nei hûs flechtsje en de befrijers harren net ferpleatse. Dochs waarden rûnom brêgen sabotearre: Warns, Balk, Skarsterbrêge, Koudum. Soms waarden der ’s nachts houtfretten yn de dekken skroefd, om dy der moarns wer út te heljen.

‘De sabotaezjeploech, dy’t de brêge op ’e Galamadammen foar har rekken nimme moast, hat der twa nachten foar yn it spier west. De brêgedraaier waard om rie frege, syn advys wie om de brêge mar fierder iepen te draaien as normaal en de kaai mei te nimmen. Mar it die bliken dat de brêgedraaier noch in kaai hie foar it brekken en dat hy de brêge de oare moarns betiid alwer tichtdraaid hie. Dat waard de man, kastlein Jan de Bos, flink kwea ôf nommen.

Twa dagen letter kamen se werom mei fyftjin man, mei as doel de brêge mei in springlading der ‘út te slaan’. ‘De “Dik” hie oarder jûn de brêgedraaier de hannen en fuotten te binen, in prop yn ’e mûle to dwaan en de man in dei as fiif yn in boatsje yn ’t reid fan de Moarre op te bergjen: ‘hy hie dat fortsjinne en dêr waerd dy man net minder fan’. Lokkich is it safier net kommen. ‘De brêge waerd ôfdraeid, de lading kaem tusken de trekstangen to lizzen, de lonte waerd oanstutsen – en doe barste it spul mei in fûle slach útinoar. Nou wie it klear: de brêge wie der út slein’.

De lêste bewenners fan de Galamadammen, Jan de Bos en syn frou, Willem Jans Dijk en syn frou, ‘namen de hakken op’, seagen dat se fuort kamen. Der wie wol sprake fan panyk. Ek boerefeint Hendrik Falkena soarge derfoar dat it lêste fee út de stâl efter it hotel nei de greide gong. Neffens dit boek lei der op 500 meter fan de Galamadammen in boat mei sechstich ‘poepen’. Salang as it nacht wie hâlden dy har stil, mar se moatte de eksploazje wol heard hawwe. Mar dizze soldaten doarden yn it donker net oan te fallen: ‘want’ seine se letter ‘terroristen is sok raer folk’; ‘en Kâldum wie in terroristen-doarp’.

Doe’t de sinne opkaam losten hja earst in oantal skoaten op ’e brêge. Mar doe’t it stil bleau ‘teagen hja der hinne’. In kertier letter stie de Galamadammen yn brân en waard de herberch troch it ‘wrekfjûr’ fan de Dútsers in púnfal. Yn it deiboek fan Willem Jans Dijk wurdt  beskreaun dat de Dútsers mei it gewear yn oanslach oer de brêge draafden.

Dijk wie eachtsjûge en yn syn beskriuwing seit in Dútse soldaat, dat elts fuortgean moast, want dat alles yn ’e loft gean soe. It gie om in man of fjouwer op in boat, dy’t wierskynlik fan Staveren út nei De Dammen fearn wie. Dijk flechte mei in pear oanwêzige bernsbern nei Koudum. Doe’t hy nei in tiidsje omseach, ‘zag ik de rook al uit het dak komen van ons oude hotel’.

Neffens de Dútse kommandant gie it yn brân stekken net om it ôfsetten fan de brêge, mar om it feit dat de ûndergrûnse de tonnen yn ’e Moarre en Fluezen ‘fertôge hie’, sadat in Dútse sleep fêstrûn wie. Bliuwt de fraach: ha de Dútsers de boel yn ’e brân sketten of gewoan mei in fjoeroanstekker of simpel mei lúsjefers oanstutsen?

Ofbylding boppe dit artikel: de foarkant fan it boek Kriich tsjin frjemdfolk en in part fan in aquarel fan W.J. Dijk fan Galamadammen. De beide ôfbyldingen yn dit artikel komme út it boek Kriich tsjin frjemdfolk en binne makke troch Dick Osinga.