In Geen categorie

2007 is foar Romke Kroondijk goed útein set, op tiisdei 9 jannewaris is hy beneamd ta lid fan de orde van Oranje Nassau en waard him in lintsje op it boarst spjelde troch boargemaster Hans Boekhoven. Romke hat dit fertsjinne fanwegen syn ynset foar de polityk yn H.O. en letter yn Nijefurd, syn wurk foar it doarpslibben yn Koudum en de lokale omrop RTN. Wat de keninginne grif troch de fingers sjoen hat is dat Romke in jier as wat etherpiraat west hat. Goed besjoen in illegale activiteit mar wol ien wer’t de Koudumers in soad niget oan hiene. Mear hjiroer en oer Romke is te finen op De Frisiana