In Geen categorie

De lêste twa freeds ha jimme goed dúdlik makke dat jimme lilk binne op de Gemeente Nijefurd. Jimme aksjefoarm fyn ik moai fûn. Goed dat jimme ek de Koudumers eefkes wekker skodzje. Goed dat jimme dúdlik meitsje dat jimme sûnder KEET op strjitte stean.

Ik tink dat in protte Koudumers it mei jimme iens binne. It is ek in bytsje lyts fan it Kolleezje om yn de neidagen fan de Gemeente noch har gelyk helje te moatten, wylst de oare gemeenten de fingers foar de eagen hâlde en de keten gedoge. Jammer en wat my betreft in misser. Miskien hie it better west en stek dy enerzy yn oare op dit stuit mear wichtige saken.

No’t dit Kolleezje fan B&W har gelyk oan it heljen is hawwe jimme in probleem. Dat is ús no ek dúdlik. Jo tinke lang dat de sop da hyt net iten wurdt, mar jimme lykje no de mûle dochs te brânen.

MAR …. de wize wêrop jimme it mei dizze aksje dúdlik meitsje hat 2 wat minder moaije kanten:

a. De minsken, dy’t yn de buert fan it Frieslandplein wenje dogge freedtejouns gjin each ticht. Jimme musyk giet by guon troch “merg & been” en dat wurdt net wurdearre. Ik rekkenje der op dat jimme rekken hâlde wolle mei dizze minsken, dy’t it miskien wol alhiel mei jimme iens binne. Ommers jimme binne it net iens mei it Kolleezje en dêr hearre dizze minsken net by.

b. Op sneontemoarn sjocht hiel Koudum en alle gasten fan ús prachtige doarp mei ôfgrizen nei de jiskepôle dy’t jimme op it Frieslandplein efterlitte. Neffens my kin dat net de bedoeling wêze. As Jo slim genôch binnen om sa’n aksje op tou te setten dan kinne Jo ek betinke op hokker wize it Frieslandplein der de oare deis wer ‘spic & span’ bylizze kin. Ommers jimme binne it net iens mei it Kolleezje en dêr hearre de Koudumers (op ien nei) en de gasten net by.

Jimme ha no noch de sympathie fan it doarp. Dêr bin ik wis fan. Soargje dat jimme dy hâlde. Ik bin yn elts gefal op dit stuit noch ré om mei jimme te sjen op hokker wize der in oplossing komme moat. Ik bin der wis fan dat der yn Koudum mear minsken binne dy’t harren dêr foar ynsette wolle.

(KEET) jongerein wy rekkenje op jimme en as jimme mei ús rekken hâlde kinne sille wy jimme ek stypje.

Durk Stoker, doarpsgenoat en

foarsitter FNP-Súdwest Fryslân