In Geen categorie

Woansdeitemiddei 2 novimber wie der bij Boekhannel Muizelaar yn Koudum in foarlêsmiddei rûnom it boek “de Bisteboel fan Omke Roel”, skreaun troch Thys Wadman mei ferskes fan Hindrik fan der Meer. Skriuwer Thys lies sels foar út syn boek en hy hie omke Roel (Johan Bloem) meinommen om ferskes te spyljen op syn akkordeon.

It wie in hiel gesellich oerke mei in lytse tweintich bêrn, dy’t lústerden nei de moaie ferhalen út it boek en meisongen mei de ferskes oer bygelyks Bijke en Kees Kikkert.