In Geen categorie

Onderstaande brief ontving de redactie van koudum.nl van een zeer betrokken dorpsgenoot, Romke Kroondijk.

Oan: It Kolleezje fan B&W yn de Gemeente Nijefurd

Postbus 5 8710 AA Warkum

Koudum, 3. Juni 2007

Underwurp : Ynfulling terrein “De Jister”

Lokaaskje : Havenkwartier en De Var te Koudum

Achte hearen,

Al ris earder haw ik, it gemeentebestjoer, op de mooglikheid wiist om Koudum te ferrykjen mei in lytse promenade lâns de Var. No’t De Jister opromme is komt hjir in bouterrein frij wer noch in bestimmingsplan foar makke wurde moat, of yn de maak is, en ter ynsage oan de befolking foarlein wurde sil.

Dit is in grutte kans om wat mear foar it doarp te dwaan as sljochtwei hinne.

Nergens kinne de Koudumers, binne de doarpsgrinzen, bij de Var komme om te fiskjen of gewoan in kuierke meitsje om efkes it fjild oer te sjen. Koudum leit nochal heech en grachten binne der dan ek net te finen.

Yn myn gedachten wurde de Beukenlaan en de Oostenveldsewei trochlutsen oan de Var ta en dan bij it wetter lâns mei-elkoar ferboun.

In prachtige kuierroute en mei in gruttere mearwaarde as in pear grutte djoere húzen mei it hiem oant wetter ta. Dat soarte húzen stean al yn’t Morraplan.

Om it noch moaier te meitsjen graach in grienfjildsje op it puntsje bij de yngong fan de haven. Dit is it stee fan in eardere garaazje. It fjildsje soe by’t simmerdei ek troch passanten brûkt wurde kinne as it fjildsje bij it toiletgebouw ferdwynt en faaks kin it toiletgebouw ek yn dizze buert in plakje fine.

Hjirby freechje ik jo oandacht foar dizze mooglikheid en fansels rekkenje ik derop dat der wat mei dien wurdt.

Mei freonlike groetnis,

Romke Kroondijk