In Geen categorie

Kâlde noazen en waarme herten, de wrâld siet aardich ticht hjoed, gjin sprút wyn, ryp oan de beammen en op de eftergrûn de hiele dei it troch de mist ôfdimpte bolderjen fan de karbidbussen, it tongere fan alle kanten. De Koudumer kannoniers hienen it wakker drok mei it laden en ofsjitten fan harren artillerie, op de strategysk goed keazen posysje fan it Heech.

Oaren sieten mear yn de sfear fan Anton Piek: poeiermolke, oaljebollen, ride en tachelyk in bytsje prate op de iisbaan. Nei de middei kamen de earste weachhalzen op redens oer it Far, út Molkwar, in tou om e middel. It koe mar krekt, op guon plakken swommen juster noch einen, it iis kreake by elke skek. Al gou dûkten mear riders op út de mist, op nei Hylpen stienen skekken, Bartlingsbrêge bliek te hâlden, de Sylsbrêge en de Krúslingsbrêge wienen noch net fertrout.

Ut namme fan de Ynternet Wurkgroep Koudum elkenien in goede jierwiksel tawinske en in sûn 2009.