Op sneintemiddei 23 febrewaris oansteande komt de Fryske sjonger en tekstskriuwer Marcel Smit nei Koudum foar in solokonsert. De doarren fan doapshûs De Klink geane om 14.30 oere iepen en it konsert begjint om 15.00 oere. Kaarten binne te keap yn de foarferkeap by boekhannel Muizelaar yn de Hoofdstraat en at se der noch binne ek oan de seal. De yntree is € 10, -.
Marcel Smit groeide op yn it romrofte doarp De Westereen. Hy betelle syn earste gitaar mei Airmiles en learde himsels gitaar spyljen. Doe’t syn earste selsskreaune nûmer oppikt waard troch Omrop Fryslân wie er hielendal ferkocht. Der folgen mear lietsje, folle mear. Syn allinnich Frysktalige ferskes steane jierliks heech yn de Fryske top 100. ‘In part fan dy’ fan Marcel Smit en Gerbrich Dekken stie yn de list fan 2024 op plak 12.
Syn stim is rau en ferleagenje syn komôf net. Syn teksten reitsje je soms yn moarch en bonken. Yntusken is Marcel trije albums en ferskate singels fierder en is hy in bekende Fries, dy’t efter de skermen ek hieltyd faker ferskes skriuwt foar muzikale kollega’s. Foarbylden hjirfan binne ‘Maten’ fan The Bounty Hunters en ‘Fryslân’ fan Tim Douwsma.
Op dit stuit toert Marcel ek foar de lêste kear mei Piter Wilkens en Gurbe Douwstra by alle Fryske teäters del mei it muzykteäterprogramma Frisicana V. Dizze Wâldpyk-ambassadeur nimt syn brede repertoire mei nei Koudum om dêr te dwaan wat er it leafste docht: optrede.
It optreden fan Marcel Smit wurdt organiseaare troch De Súdwester.
van Zuidwest Friesland

