Koudum.nl

Koudumer column fan Jelle van der Meulen

19 Koudum yn de 19-iuwske reisgids Friesland en de Friezen

Yn 1918 ferskynde it Verkade-album Friesland fan Jac. P. Thijsse, ik ha dêr al earder oer skreaun. Mar dat wie fansels net de earste reisbeskriuwing dêr’t Fryslân – en ek Koudum – yn beskreaun waard. Yn in reisbeskriuwing foar jongerein út 1828, Reis door het Koningrijk der Nederlanden en het Groothertogdom Luxemburg wurdt ek ferslach dien fan in reis troch Fryslân.

Fan Starum giet in stik fan dy reis oer Molkwar nei Koudum. Dan stiet der, yn njoggentjinde-iuwsk Nederlânsk fansels: ‘Oer Koudum, dêr’t wy heech lizzende nôtfjilden seagen, nei alle gedachten op eardere terpen tsjin de oerstreaming boud, dy’t fraaie fiergesichten opsmieten, kamen wy te Hylpen, en hiene ien fan ‘e grutste marren, it Fluesser mear, op ‘e rjochterhân lizze litten.’

‘Fraaie fiergesichten’ oké, mar dat ‘eardere terpen tsjin de oerstreaming boud’ kloppet net echt. En hoe’t dizze reizger fan Koudum nei Hylpen rûn is en sa de Fluezen oan syn rjochterhân lizze litten hat, is my ek net hielendal dúdlik. Dat it better kin, bewiist in boek fan letter yn de njoggentjinde iuw. Yn de rin fan dy iuw kaam der wol aardich oandacht foar skiednis. Reisgidsen dy’t dêrfoar benammen reisferslaggen wiene, namen ek hieltyd mear histoaryske beskriuwingen en achtergrûnen op. Sa ûntstie it boek Friesland en de Friezen, Gids voor reizenden.

Oan it boek wurken ûnder oaren minsken mei as Waling Dykstra, Gerben Colmjon en Johan Winkler. Sokke betûfte mannen soargen derfoar dat de ynformaasje yn it boek wol aardich betrouber wie. It boek ferskynde yn 1877 en in fotografyske werprintinge kaam der yn 1974, mei as ûndertitel ‘oer de skientme fan stêden, doarpen en lânskippen yn de njoggentjinde iuw’, mar dan yn it Nederlânsk, want ek dit boek wie fansels yn dy taal.

In heale iuw letter soe Jac. P. Thijsse Friesland en de Friezen ferâldere fine, mar dochs noch altyd de muoite wurdich troch de bydragen fan in soad “brave en knappe Friezen” sa’t Thijsse skreau. Yn it boek wurdt ek oandacht bestege oan de súdwesthoeke fan Fryslân, meast troch artikels van M. E. van der Meulen. Dizze efternammegenoat (foar sa fier as ik it neigean koe gjin famylje) wie predikant yn Boalsert fan 1862 oant 1898 en fan 1889 ôf ek argivaris. Hy ferdjippe him yn de keunstskiednis fan Boalsert en skreau oer de Fryske skiednis.

Yn in haadstik oer ‘Gaasterland en de Joure’ riedt Van der Meulen reizgers oan om net de wurch meitsjende spoartreinreis fan Amsterdam nei Fryslân te meitsjen, mar om mei de stoomboat fan Amsterdam nei Hylpen te reizgjen. Hat men it ien en oar yn Hylpen besjoen, “dan vervolge men den tocht naar Koudum”. Krekt as Jac. P Thijsse jierren letter fernuveret Van der Meulen him oer it lânskip fan Koudum dat neffens him op dat fan it Gooi liket. By Koudum is it “een zaverige, vruchtbare, lommerrijke streek”. Ja, dat Hollânske wurd ‘zaverig’ moast ik ek opsykje: ‘zandachtig’.

Fierder wiist de skriuwer op de weagjende boaiem, it heechste punt dat hast njoggen meter boppe de wetterspegel leit en it boulân dat hjir en dêr troch greidlân ôfwiksele wurdt. It doarp is rom boud, hat brede strjitten, mei lânhuzen hjir en dêr troch swier beamte omjûn of yn leaflike tunen lein. Koart sein, neffens Van der Meulen: “die hier den eersten avond in Friesland doorbrengt en ‘t landvolk van de akkers weerkeeren ziet, kan zich niet voorstellen, dat hij in deze noordelijke provincie is verplaatst.”

Van der Meulen besteget ek oandacht oan de Slieperdyk. As wy it no oer de Slieperdyk (of Slaperdijk)  hawwe, dan ha wy it einliks oer it súdlike stik fan dy dyk, om’t in smel tarredykje oan ‘e súdkant fan Koudum no noch altyd sa hyt. Mar benoarden Koudum, fan de Hylper Hoeke oant de Koudumer Syl, hat ek in stik Slieperdyk rûn. It noardlike en súdlike stik fan de  Slieperdyk is yn 1732 yn rap tempo oanlein troch militêren. Troch pealwjirm wie it pealwurk oantaast dat oarspronklik it binnenlân beskerme tsjin de Sudersee. “Toen werd deze dijk gelegd en wel in drie maanden tijds onder de bekwame leiding van Willem Lore, die met 2000 soldaten in 1732 dit belangrijk werk volbracht”, sa stiet it yn Friesland en de Friezen.

It lêste stikje Koudum yn Friesland en de Friezen is Galamadammen. Der wie in tiid, sa stiet der, dat minsken der goed oan diene om ta te hâlden yn de romme herberch by Galamadammen, op lytse ôfstân fan Koudum. Fan dêr ôf koest dan wat reiskes meitsje. En wis, ek yn 1877 is it neffens de skriuwer fan dit haadstik noch wol oan te rekommandearjen om ta te hâlden by dit wichtige punt, dêr ‘t in grutte slûs yn de Slieperdyk in skieding makket tusken de Morra oan de iene en de Fluessen oan de oare kant.

Mar herberch Galamadammen hat, sa seit M.E. van der Meulen yn 1877 yn Friesland en de Friezen, yntusken bot konkurrinsje krigen fan Kippenburg yn it Gaasterlânske bosk. En dan folgje der sokke lofprizingen op dat loazjemint, dat gjin reizger it noch yn ‘e holle helje soe om by Galamadammen te oernachtsjen, mar fuort trochreizge nei Gaasterlân.

En hoe’t in yn de 21e iuw mei Galamadammen komt, dat is hielendal in haadstik apart.