Koudum.nl

Koudumer column fan Jelle van der Meulen

14 Koudum en de literatuer (19e iuw): De roos van Dekama (1836)

De histoaryske roman De roos van Dekama fan Jacob van Lennep (1802-1868) spilet him foar in part yn Súdwest-Fryslân ôf en Koudum wurdt trije kear neamd yn it boek, dat wol in pear hûndert bledsiden telt. Trije kear neamd, dat sis ik no wol, mar at ik earlik bin wurdt ‘Koudum’ mar twa kear neamd, de tredde kear brûkt Van Lennep de stavering ‘Coudum’. En mei twa fan dy trije kear is ek noch wol wat oan ‘e hân.

De roos van Dekama út 1836 wie de twadde roman fan Jacob van Lennep dy ‘t yn de njoggentjinde iuw de populêrste skriuwer fan Nederlânske histoaryske romans wie. Mei in soad gefoel foar de saneamde ‘couleur locale’ skilderet Van Lennep ek yn dit boek merktafrielen en riddertoernoaien, oerdiedige mielen en kleurrike lânskippen. It ferhaal giet wol wat alle kanten op en der barre in soad ûnferwachte dingen. Wichtich is de geheimsinnige ôfkomst fan twa haadpersonaazjes, de ridders Deodaat en Reinout. En der is fansels in leafdesskiednis, want Deodaat en Reinout binne beide fereale op Madzy. De histoaryske kearn fan it boek is de ús wol bekende Slach by Warns yn 1345, dêr ‘t de Hollanners ferslein waarden troch de Friezen, en Willem IV, de greve fan Hollân, omkaam.

Yn ‘e oanrin nei de Slach by Warns stiet der yn it boek:

Alle dorpen waren dus terstond verlaten geworden, en van Hindelopen af tot aan Gaasterland toe was de geheele landstreek met weerbare manschappen bezet: terwijl de nog gedurig opkomende benden zich aan een der beide vleugels moesten aansluiten. De rechtervleugel, zoo men eene overal verspreide krijgsbende aldus noemen kan, werd door Adelen aangevoerd: Cammingha bestierde de verdediging van Koudum af tot aan Warns: en de linkervleugel was aan Martena toevertrouwd.

Neat bysûnders fierder. In hoartsje foar de Slach by Warns stiet Deodaat allinne foar it rút fan in wenning yn Starum.

Men had van uit dit raam het gezicht op eenen boomgaard, waarin enkele peereboomen groeiden, zijnde schier het eenige houtgewas, dat men, op dezen schralen en aan gedurige zeewinden blootgestelden hoek, in ‘t leven kon houden: over den lagen aarden wal, welke daarom heen gelegd was, en tusschen eenige huizen door, op den stadswal gebouwd, onderscheidde men een klein meirtje, dat (sedert uitgemalen) ten zuidoosten van Staveren lag: en daarover, den heuvel waarop het bevallige Koudum gelegen is.

kaartje uit de 1e druk van De roos van Dekama

Neffens Jacob van Lennep sjocht Deodaat dus fan Starum ôf yn súdeastlike rjochting en sjocht dan Koudum op in hichte lizzen. Wy witte dat Koudum net súdeastlik mar noardeastlik fan Starum leit en Van Lennep soe dat ek witte kinne, as hij goed op it kaartsje sjoen hie dat er nota bene sels yn de earste printinge fan De Roos van Dekama opnommen hat. Mar hy hat blykber gjin rekken hâlden mei it feit dat kaartemakkers yn dy tiid net altyd it kaartsje yn de noard-súd rjochting tekenen. Wol joegen se faak it noarden oan mei in wynroas, in pylk dy ‘t de kant fan it noarden útwiist. Dat docht ek de kaartemakker fan it kaartsje yn De roos van Dekama, mar Van Lennep hat net goed nei de wynroas sjoen!

De marren op de ‘Kaart van Staveren en deszelfs omgeving’ yn De roos van Dekama tusken Starum en Koudum binne, nim ik oan, by Starum it Staverse Noardermar en Sudermar, al ynpoldere yn de 17e iuw. By Warns wie der it marke de Flait (ynpoldere healweis de 19e iuw) en noch tichter by Koudum de Groote Gersloot dat troch de Diepsloot mei de Morra yn ferbining stie en in de twadde helte fan de 19e iuw ynpoldere is.

Van Lennep hat, sa ‘t ik al sei, ek muoite mei de stavering fan Koudum, want hy skriuwt de tredde kear dat er Koudum neamt ‘Coudum ’: “Na in deze weinige woorden den toestand waarin zich Friesland bevond te hebben afgebeeld, zullen wij terugkeeren tot de schoone Madzy en haren voogd, den Heer van Aylva. Deze had zich na het verlaten van den landdag naar eene kleine stins begeven, op een paar uren afstands van het Gaasterland nabij het dorp Coudum gelegen, en Awert-state genaamd.”

voorkant van een eind-19e-eeuwse uitgave van De roos van Dekama

Hjir sjochst ek dat Van Lennep, nettsjinsteande al syn histoarysk ûndersyk, der soms ek mar wat op los betinkt. Der hat nea in Awertstate by Koudum lein, sa stelt bygelyks ek de Ljouwerter argivaris en útjouwer Wopke Eekhof al flak nei it ferskinen fan De roos van Dekama. Al dit kommentaar ha ik sels net betocht, mar stiet fantastysk beskreaun yn de oantekeningen fan Joke van der Wiel by de werútjefte fan De roos van Dekama yn 2003 yn de Deltareeks.

Ta eintsjebeslút: Galamadammen, dêr’t ik it al earder oer hie, komt ek noch foar yn De roos van Dekama. Net yn it ferhaal sels, mar yn it ‘Voorwoord’ en dêr hellet Van Lennep in flau grapke út, wat letter Jac. P. Thijsse eins ek dwaan soe. Van Lennep skriuwt yn it foarwurd in ferhaaltsje oer twa Leidske studinten dy’t in tocht troch Gaasterlân meitsje en dêrnei by de herberch fan Galamadammen komme dêr’t sy sliepe wolle. At se dêr oankomme, is der net ien. Dan sjocht de ien (Willem) in boerd mei de tekst ‘Tarief der Galamadammen’.

‘Gala-Madammen!’ riep hij, zich verbaasd omdraaiende. ‘Eilieve Gerrit! Het schijnt, dat er een bijzonder Tarief is voor de dames die hier vertering maken. Maar waar is nu het Tarief voor de Gala-Heeren?’
‘Kom! gij zijt een ezelskop!’ zeide Gerrit, zonder zich te verwaardigen om slechts even zijne houding te veranderen! Het is het tarief der Galamadammen, dat zijn: de Dammen van Galama’
‘Hm! zoo!’ hernam Willem: ‘men mag niet eens meer eene onnoozele woordspeling maken. Denkt uwe hoogverlichte wijsheid dat ik dit niet zonder uwe opheldering vatte? Denk je dat ik niet zoo goed en beter dan gij weet dat zich in deze omstreken de Galamaas onthielden, van den driesten strooper af, die Graaf Floris den Vette een steek gaf, tot den wakkeren Vetkooper Ige toe.’

Ige of Ygo Galama (± 1425-1492) wie in ealman út Gaasterlân dy’t ek yn Koudum wenne hat. Hy hearde ta de Fetkeapers yn ‘e tiid dat Koudum en omstreken in bolwurk fan de Skieringers wie. Mar dat is in oar ferhaal.

Een Nederlandse versie staat op de website Brekt.

Mobiele versie afsluiten