Koudum.nl

Koudumer column fan Jelle van der Meulen

36 Emigraasje fan Koudumers nei Argentinië om 1889 hinne

Yn 1889 emigrearren tolve en nei alle gedachten noch mear Koudumer húshâldingen nei Argentinië. Oantrune troch de earmoed yn Fryslân en de belofte fan in bettere takomst yn Súd-Amearika makken se mei in stoomskip de reis fan fiif, seis wiken fan Rotterdam of Amsterdam nei Buenos Aires. Dêrwei soene se in moai plak krije yn it nije lân dat him yn dy tiid sa foarspoedich ûntwikkele hie.

Yn 1888 hie de Argentynske regearing in oerienkomst oangien mei de Nederlandsch-Amerikaansche Stoomvaart-Maatschappij (NASM) om ymmigranten út Nederlânske havens wei nei Argentinië te ferfieren. Foar elke passazjier krige de NASM in preemje sadat de emigranten de reis nei Argentinië fergees meitsje koene. De lânboukrisis yn Nederlân trof oan de ein fan de 19e iuw benammen Grinslân, Fryslân en Seelân. Oanlutsen troch fergeze oertocht en earste opfang en de belofte fan goedkeap lân lutsen om 1889 hinne 3742 Nederlânske emigranten nei Argentinië. Spitigernôch wie it allegearre net sa moai as beloofd.

advertinsje yn de Leeuwarder Courant 21-8-1889

Skippen fan de NASM giene yn 1889 en 1890 hast alle moannen ôfwikseljend út Rotterdam of Amsterdam nei Argentinië. De reis sels duorre fiif oant seis wiken en it wie bepaald gjin lúkse reis. Nei oankomst ferbleaune de emigranten in lytse wike yn in ‘emigrantehotel’ dat net folle wei hie fan in hotel. Dêrnei waarden se oer it ûnbidich grutte lân ferspraat en se kamen bepaald net altyd goed telâne.

Se krigen te meitsjen mei de grillen fan grûneigeners, der wiene in soad misstannen en beloften dy’t net neikaam waarden. Geregeld wiene der minne foarsjenningen op de plakken dêr’t de emigranten bedarren, moasten se sels har wenning (ôf)bouwe en wie de grûn soms amper te bewurkjen. Troch de erbarmlike libbens – en wurkomstannichheden stoar in tredde fan ‘e lânferhuzers troch sykte, honger of earmoed. Uteinlik kearde in kwart fan de emigranten werom nei Nederlân.

Ek yn Koudum wiene de libbensomstannichheden oan de ein fan de njoggentjinde iuw net foar elkenien roaskleurich. Dus it is te begripen dat ek manlju en sels hiele húshâldingen út Koudum om 1889 hinne nei Argentinië ôfsetten. Koudum telde yn dy tiid krap 1900 ynwenners en tsientallen dêrfan binne nei Argentinië emigrearre. Sa melde it Dagblad van Friesland fan 3 oktober 1889 dat der njoggen Koudumer húshâldingen nei Argentinië emigrearre wiene.

Fan in stik as tsien famyljes binne de nammen bekend en we witte in bytsje hoe’t it se fergien is yn Argentinië. In part fan dy Koudumer lânferhuzers sette op 4 juny 1889 ôf mei de ss Schiedam fan Rotterdam en kaam op 9 july yn Buenos Aires oan. In wat grutter part wiene húshâldingen dy’t op 25 septimber 1889 mei itselde skip nei Argentinië giene en dêr op 30 oktober oankamen. Guon bleaune harren hiele fierdere libben yn Argentinië, oaren kamen – meast beroaid – werom nei Fryslân.

Fan in trijetal Koudumer húshâldingen dy’t yn 1889 emigrearren is wrachtich nochal wat ynformaasje bekend. Wouter Wouters is reedlik slagge yn Argentinië, al koe hy ek drege perioaden. Hy is mei syn húshâlding yn Argentinië bleaun en skreau tusken 1893 en 1911 santjin ynstjoerde brieven nei de Hepkema, in faak lêzen Fryske krante. Karel de Hoop gie mei twa bruorren nei Argentinië en kearde nei sân jier wer werom yn Koudum. Oer syn ferbliuw yn Argentinië skreau er in ferhaal fan fiif A 4’tjes. Jan Cornelis Koornstra emigrearre mei syn húshâlding en skreau op de reis en yn de earste jierren yn Argentinië seis brieven dy’t bewarre bleaun binne.

Op de webside fan Histoarysk Koudum stiet sûnt oktober 2024 in wiidweidige side oer de emigraasje fan Koudumers nei Argentinië. Alle bekende nammen wurde dêr neamd. By trochklikken nei dy nammen binne de ferhalen oer dy Koudumers yn Argentinië te lêzen.

Mobiele versie afsluiten