Koudum.nl

Koudumer column fan Jelle van der Meulen

33 ‘Yn Koudum wie de waarmte dy’t men net misse kin’: yn memoriam Willem Abma

Twa lytse, bibliofile útjeften út it mânske wurk fan de foarige moanne (july 2024) ferstoarne Fryske skriuwer Willem Abma binne my it leafst. De iene is En it barde, in lang proazagedicht of in koart ferhaal yn Bibelske styl oer in freeslik barren, de oare is Dea fan de moskefrou, in syklus fan sân fersen oer de dea fan in âlde frou. Se stean gewoan tusken de oare boeken fan Willem Abma/Daniël Daen yn ús boekekast yn Koudum, mar it binne gjin sljochtweihinne útjeften.

En it barde is yn 1980 hiel moai útjûn troch útjouwerij De Hynsteblom fan Karel Ferdinand Gildemacher op De Jouwer. De tekst is mei de hân set, de begjinhaadletters fan de sinnen dy ‘t as alinea’s ôfdrukt binne, wurde yn it read werjûn. It ferhaal dat yn it boekje ferteld wurdt, is it ôfgryslike relaas oer in jonge mem dy ‘t, yn in tiid fan nukleêre driging, op krystjûn it libben mei trije lytse bern net mear oan kin.

En sa ‘t Lukas, de skriuwer fan it Bibelboek mei syn ferteltoan de ferhalen út it Alde Testamint trochklinke lit, sa brûkte Willem Abma dyselde Bibelske taal foar syn moderne, engazjearre ferhaal. “It barde nou yn dy dagen, dat fan keizer Augustus in gebot útgyng om de hiele wrâld beskriuwe te litten,” sa seit Lucas yn de Fryske Bibeloersetting fan 1947. Abma slút dêrby oan en begjint syn oangripende ferhaal mei: “It barde no yn dy dagen dat de minsken tidigen op it blide nijs fan Syn berte.”

Ek Dea fan de moskefrou is útjûn troch De Hynsteblom, yn 1987, de tekst is mei de hân set yn brune letters op krêmekleurich papier. It ynnaaide boekje sit yn in slúf dêr ‘t in stikje út skuord is, sadat de titel sichtber is. Yn 1986 hie dizze gedichtesyklus yn it literêre tydskrift Trotwaer stien, dêr ‘t Piter Yedema in jier letter as in wiere Batavus Droogstoppel yn itselde blêd in ferneatigjende resinsje fan skreau. Trotwaer hie it yn dy tiid blykber net sa goed foar mei Willem Abma,  want Trinus Riemersma skreau in behoarlik negative resinsje fan de roman De roekkat fan Abma. Hy neamt dy “in oerstallich boek”.

Ik hie yn 1986 in oare miening oer dizze roman. It wie de fjirde roman fan Abma en it selsstannich te lêzen ferfolch op de roman De oantaasting út 1983 mei Heerd Hissema as haadpersoan. Der soene noch twa boeken folgje oer de ûntwikkeling fan dizze Heerd. Yn De roekkat wurdt syn gymnasiumperioade beskreaun. As gefolch fan in psychyske tik, feroarsake troch it strang-grifformearde miljeu dêr ‘t er yn opgroeit, praat er thús net, mar by in âlder troud stel en letter op skoalle wol.

Heerd komt yn ‘e stêd yn ‘e kost by ien dy’t fisk ferkeapet, mar moat nei in pear jier fuort om’t de man en syn frou him in bytsje nuver fine. Hoewol ‘t er goed leare kin, sakket er foar syn eineksamen, trochdat er it lêste jier tefolle mei himsels dwaande west hat. Ofsjoen fan inkelde ûnwierskynlike saken fûn ik dit in oertsjûgjende roman oer in frjemde jonge dy ‘t, miskien mear as de trochsneed puber, mei allegear (geastlike) problemen wrakselet.

De romantetralogy oer Heerd Hissema hat dúdlik autobiografyske aspekten. Gerben Willem Abma, berne yn 1942 yn Folsgeare, wie de jongste yn in strang-kristlike húshâlding. Hy studearre rjochten en teology, wurke dêrnei earst as learaar godstsjinst op in middelbere skoalle en waard letter psychoterapeut. En hy skreau, yn it Frysk: poëzy, proaza, toaniel en beskôgjend wurk.

Yn 1970 ferskynde syn earste dichtbondel De âlde en de leave hear as lead om âld izer. Hy publisearre dy bondel, lykas de njoggen folgjende dichtbondels, ûnder it pseudonym Daniël Daen. Yn 1982 ferskynde de tsiende dichtbondel fan Daniël Daen, Nachtfeest, mei tema’s as ûnminsklikheid, iensumens en de ûnmooglikheid ta goed kontakt tusken minsken. Ek it by Daen bekende tema fan it fêstsitten oan noarmen fan dyn miljeu is yn Nachtfeest oanwêzich.

Ik skreau der doedestiids oer dat de measte gedichten nei in earste kear lêze goed nei te gean binne, hoewol’tst Daen ûnrjocht dwaan soe, ast oer beskate regels net efkes langer neitinkst. Unferwachte draaien meitsje de gedichten nettsjinsteande de swiersettige ynhâld soms wat lichtfuottiger, hoewol’t sa no en dan ek synysker. Al mei al, sa fûn ik doe en no noch altyd, binne it prachtige gedichten yn in bondel mei in passend omslach.

Underwilens publisearre Willem Abma mei En it barde ek ûnder syn eigen namme en dat soe er dwaan bliuwe, poëzy ûnder de namme Willem Abma en proaza ûnder de namme fan G. Willem Abma. Ik moat earlik sizze dat ik Willem Abma en syn âldere broer Gerben Abma (1932 -2016) troch dy ferskate nammen ek wolris trochinoar helle ha.

Hawar, yn elts gefal sûnt ik yn Koudum wenje, wit ik hiel goed dat Gerben Abma, de skriuwer fan ûnder oaren Himmelumer Aldefurd en Noarwâlde : in tal aspekten fan de skiednis fan in eardere gritenij (1992 ), net deselde is as de romanskriuwer en dichter Willem Abma. Dy syn boeken lies ik hast altyd mei in soad nocht. In koart besprek fan de yn 2000 ferskynde proazagedichten Kuiers of definysjes fan in ik, einige ik mei: ”Abma geeft met deze beheerste en inhoudelijk rijke bundel een nieuw indrukwekkend bewijs van groot dichterschap.”

Yn 2012 ferskynde in moaie en wiidweidige blomlêzing fan de gedichten dy ‘t Abma skreau: Troch eigen lânskip, mei in ynlieding fan Philippus Breuker. Al gau ferskynde dêr in twadde printinge fan. Mar neist de twa lytse, bibliofile útjeften dêr ‘t ik dit stikje mei begûn, is my it tige autobiografyske proaza fan In Ierske nimf út 2003 dierber. De ik-figuer liket in soad op de skriuwer, dy ‘t yn it boek ek deiboekfragminten ferwurket. De opbou is fernimstich. Yn it lêste haadstik fettet de ik-figuer yn 2003 gear wat er yn ‘e rin fan ‘e jierren leard hat, fan it momint ôf dat er as alvejierrige yn 1953 stikem nei in merke yn in buordoarp gie. Mar de measte haadstikken spylje har ôf yn 1993, as de ik-persoan in reis makket nei Ierlân, op ‘e syk nei in Ierske strjitdichteres

Sintraal yn it boek stiet ek it skriuwen, fan proaza, mar benammen fan poëzy. Op ‘e lêste siden fan it boek filosofearret de skriuwer fia in toanielstik en muzyk oer de mystike krêft fan poëzy. Dêrby konkludearret er dat it gedicht in died is, in sinjouwing; it leveret boustiennen foar identiteit. En dêr hat er yn it boek nei op ‘e syk west, û.o. fia dy reis nei Ierlân dat mei syn lânskip, syn minsken en benammen syn poëzy prachtich beskreaun wurdt.

Willem Abma ferstoar op 23 july 2024 yn Ljouwert. Boppe in rouadvertinsje stie:

No’t ik besef dat it ophâldt,
priuw ik better wat my oerbliuwt.

As earbetoan oan Willem Abma pleatste de no allinnich noch mar yn it Snitsers skriuwende publisist Henk van der Veer op syn weblog (Dagboek 25 juli 2024) in ynterview dat hy yn 2000 hie mei Willem Abma yn de biblioteek fan Koudum. Dat begjint mei de alinea:

As ik op tiisdei 5 septimber 2000 yn ‘e bibleteek fan Koudum de skriuwer/dichter Willem Abma (58) in ynterview ôfnommen ha, freegje ik him nei ôfrin in opdracht yn Te fûnling te skriuwen, doe noch syn nijste bondel (1999). Abma krijt syn pinne en foldocht oan myn fersyk: ‘Yn Koudum wie de waarmte dy’t men net misse kin.’