Koudum.nl

Koudumer column fan Jelle van der Meulen

25 Krystbelibbing yn Koudum

Ik ha net in soad mei de krysttiid en as ien tsien jier ferlyn tsjin my sein hie dat ik de ingel Gabriël spylje soe yn in krystspul, soe ik him of har foar gek ferklearre hawwe. Mar ja, doe wenne ik noch yn Castricum en no wenje ik yn Koudum en dat is wat oars. Dus doe’t Doede oan ‘e doar kaam en frege oft ik meidwaan woe mei ‘de krystbelibbing’ 2023 – om’t se by it ynsjen fan it skript by de rol fan de ingel Gabriël fuort oan my tocht hiene – sei ik ja.

Gabriël hat net in soad tekst. In pear sintsjes yn in dialooch mei Maria en in pear sintsjes yn in petearke mei de hoeders. Dy pear sintsjes koe ik maklik út ‘e holle leare op myn moarnske kuiers mei de hûn. Dy seach my wolris wat nuver oan, want dêr rûn ik dan op it fytspaad by de Morra en sei ik lûdop: “Wês net bang Maria.” En dan noch wat derefteroan oer in blide boadskip en swier reitsje. De hûn fûn it al nuver dat ik Frysk prate, al doch ik dat tsjin har wol faker, mar se tocht nei alle gedachten ek: Maria? Ik hyt Silke! En wêr’t se net bang foar hoegde te wêzen wie al hielendal nuver. Us Silke is sterilisearre, dus de kâns dat dy swier rekke soe, is nihil. Hawar, op it lêst wie Silke wol wend oan dy pear sintsjes dy’t ik al rinnend sabeare of tsjin Maria of tsjin de hoeders spriek.

Wat my ek wol oanspruts oan de ‘Krystbelibbing’ wie it idee om it mear as twatûzen jier âlde ferhaal yn in modern jaske te jitten en dat te filmjen. ‘It ferhaal fan Jozef en Maria yn ‘e moderne tiid’ stiet der dan ek op de poster. De film soe dan fertoand wurde mei in ferteller derby en live-muzyk fan Vocal Roses tusken de bylden yn. Ik bin wol benijd watfoar lietsjes dat wurde. ‘In echte frou drinkt bier’ sil dêr wol net tusken sitte. Faaks past it aldernijste lietsje fan Vocal Roses, ‘Klif fan Mardum’. Dat hat in moaie sfear dy’t wol aardich by in krystspul heart. En no begryp ik dat ek sjonggroep Maxim oan it spektakel meidocht, dus der is net allinne genôch te sjen, maar ek te hearren.

Ik skrok wol efkes by de earste gearkomste fan alle meidoggers. Want doe fertelde regisseuse Hanny my net allinne dat se my graach yn wite klean ha woe. Dat wie my bêst, mar se sei ek dat se sokke moaie wjukken foar de ingel Gabriël hie. Dêr hie ik net op rekkene! Ik tocht dat yn in stik dêr’t de hoeders mei mobyltsjes rinne en de wizen mei in auto oanriden komme, in ingel dochs ek wol in bytsje modern wêze soe. Mar nee, dy wjukken wiene sa moai, dat krige ik net út de holle fan de regisseuse.

Gelokkich waaide it sa hurd op de earste dei dat der fan my opnamen makke wurde soene dat de regisseuse bang wie dat de wjukken stikken gean soene, dus dy hoegden net. Ik bliid! En it blykte ek noch dat ik fan de strûken út yn byld rinne moast. No, dat soe mei wjukken ek noch wat dreger west hawwe. Dy sêne, dat de ingel tsjin Maria seit dat se swier reitsje sil en in soan krijt, stie der frij gau op. Hy moast wol trije kear filme wurde, mar dat wie om’t Aaldert de sêne fan ferskate kanten opnimme woe. Dy opnamen soe er dan letter montearje ta ien sêne.

De oare sêne, mei de hoeders, wie wat dreger. We ha nochal in wiete hjerst en ik moast oppasse net út te glydzjen yn ‘e modder. Ik moast nei de trije hoeders rinne dy’t by in stek stiene te praten. It stikje troch de greide wie frijwat modderich en ik rin wierskynlik noch plechtsteatliker (kinst ek sizze mear ingeleftich) as ik fan doel wie. Mar dat sjogge we dan wol op 16 desimber by de Krystbelibbing yn de tsjerke fan Koudum.

De ‘Krystbelibbing’ wurdt twa kear presintearre op sneon 16 desimber yn de Martinitsjerk, middeis om 15.30 oere en jûns om 20.00 oere. Kaarten foar de ‘Krystbelibbing’ binne yn de foarferkeap by boekhannel Muizelaar en wurde ek ferkocht oan de seal salang’t de foarried tsjinnet. In kaartsje kostet € 10, – en foar bern oant en mei 12 jier kostet in kaartsje € 5, -.

Mobiele versie afsluiten