Koudum.nl

In lyts krystferhaal út 1968

Op krystmoarn spilet in part fan Nij Libben al jierrenlang krystlieten by de Finke. Yn in fierder ferline spile it korps ek noch wol by it bejaardehûs Claarbergen. Yn 1968 waard op in kear it beslút nommen dat wy mei hast it hiele korps op krystmoarn troch Koudum doarmje soene. It leafst spilen wy, fanwege it ljocht, by lantearne peallen. Wy stiene dy kear yn it begjin fan de Bakkersteeg by de Haadstrjitte en soene krekt ‘Stille Nacht’ ynsette, doe’t Es-bassist Theunes Muizelaar, hij wie boekhanneler, mei grutte stappen op ús ôf kaam.

Hy rôp mei in bulte emoasje yn syn stim: “Se komme wer werom!”
“Wa komme werom,” frege elts “en wêr geane se hinne?”
It die bliken dat hy de moarns om 7.00 oere de nijsberjochten al heard hie en dêr seine se dat de Apollo 8 mei trije astronauten om 6.10 oere op wei werom wie nei de ierde. Dat wie wol apart, sa midden yn’e krystnacht.

Logo fan de Apollo 8

It wie de earste ‘bemande’ testflecht fan de Amerikanen nei de moanne. Dizze Apollo 8 kapsule makke yn 20 oeren 10 rûntsje om de moanne. Nei it ynskeakeljen fan de remraketten gie de kapsule wer streekrjocht nei de ierde. Op 27 desimber lânen de trije astronauten, Frank Borman, Jim Lovell en William Anders wer feilich yn de Stille Oseaan.

‘k Sil it ferhaal efkes ôfmeitsje. Op 24 july 1969 lâne de Apollo 11 op’e moanne. Neil Amstrong, de earste man dy’t op’e moanne rûn, sei doe’t hy fan de ljedder ôfstapte: “That’s one smal step for a man, one giant leap for mankind’. Dat is in lytse stap foar in man, mar in geweldige sprong foar de minskheid.”

U. de J. muzikant fan Nij Libben

Foto: Een deel van Nij Libben bij De Finke 25-12-2022