Koudum.nl

Betinking Slach by Warns

Takom 28 septimber om 13:45 oere fynt de 77ste Betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif plak! It téma is dit jier: Frysk wêze hjoeddedei – wat betsjut dat? Goffe Jensma, âld-heechleraar Fryske taal- en letterkunde, fertelt syn tinzen oer hoe lokaal wy noch binne yn de globale wrâld fan no, en hoe lokaal wy neffens him tinke en wêze wolle, kinne, doare, meie, moatte. Fierdere ynspiraasje komt ûnder oare út de poëzy fan Dichter fan Fryslân Arjen Hut en fan de Fryske hiphopmuzyk fan Sample Text. En foar wa’t it net wit: Sample Text is Pieter Zijlstra fan Koudum.

Mei-inoar kinne ferskate lieten songen wurde en nei ôfrin is it tiid om inoar te moetsjen en mei de sprekker te diskusjearjen. It Stiftingsbestjoer fan de Sklach by Warns siket noch in blazersgroepke en minsken dy ‘t op de dei sels efkes helpe. Dêrneist bestjit it bestjoer op ’t heden inkeld út noch mar twa minsken. Entûsjaste blazers, frijwilligers en nije bestjoersleden kinne e-maile nei ynfo@slachbywarns.frl en sjoch foar mear ynfo op de webside fan de Slach by Warns.