In Geen categorie

Sneon 11 febrewaris is de earste útstjoering fan it nije RTN programma “2 Kant”. Yn totaal sille earst trije ôfleveringen makke wurde. It programma wurdt presintearre troch Maaike Kampen en Jan Eekma.

De teatergroep hat foar dit programma en fansels mei it each op de kommende ferkiezings de Keunst Partij Nijefurd (KPN) yn it libben roppen. De KPN hat trije leden en twa minderjierrige sympatisanten, lykwols wol de partij 100.000 euro beskikber stelle oan it bêste idee op it gebiet fan keunst yn Nijefurd. Yn de earste ôflevering, dy’t justerjûn opnommen is yn de nije studio fan RTN, presintearje monumintaal ûntwerper Hanshan Roebers en konservator Baukje Scheppink fan it Jopie Huisman-Museum harren idee. De twadde ôflevering sil gean oer it tema muzyk en de tredde oer teater.