In Geen categorie

Jenny Semplonius stie mei har útfiering fan Eigen wei yn de finale fan Sjong 2011

yn de Koornbeurs yn Frentsjer.Se einige op in prachtich tredde plak! Bysûnder is ek noch dat it nûmer skreaun is troch Lysbeth Munniksma en de fryske fertaling is fan Ypie Semplonius-van der Velde. Mei rjocht in Koudumer sukses te neamen dus!

Sjong is it sjongfestival foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis fan 12 oant en mei 18 jier dat organisearre wurdt troch Omrop Fryslân en Cedin – taalsintrum Frysk. Op besteande nûmers wurdt in Fryske tekst skreaun. Fia foarrondes wurde de finalisten bekend makke, wêrnei’t op 16 april de finale plakfûn.

Sneon 9 july wurdt de finale fan Sjong útsjoerd fia Omrop Fryslan TV.

It optreden fan Jenny.

http://www.youtube.com/watch?v=sw-eJffpyo0

De teksten fan Lysbeth,

http://www.youtube.com/watch?v=vyo9c9Uug1g )