Yn syn Gysbert-column fan freed 20 desimber 2024 set Pieter Zijlstra Team Wybe yn it ljocht. Team Wybe is oprjochte nei it ferstjerren fan de 37-jierrige Wybe Leenstra, ein 2014, in jier nei’t er de diagnose harsentumor krigen hie. Syn freonen rjochten Team Wybe op en mei dy freoneploech hawwe se yn tsien jier tiid mear as € 200.000 ophelle troch sportive aksjes.
Fan freed 27 oant en mei tiisdei 31 desimber rint Team Wybe dit jier lâns de 11 stêden om dizze yn it ljocht te setten, spesjaal foar elkenien dy’t mei kanker te krijen hân hat. Wie it eartiids foaral de sportive prestaasje dêr’t de klam op lei, Team Wybe hat, lykas Zijlstra skriuwt, de klam wat ferlein. It giet it team no ek om hoop, treast en ferbining te bieden yn de tsjustere desimberdagen en dêrom kin elkenien tusken freed 27 oant en mei tiisdei 31 desimber in stik meirinne.
Op de webside fan Team Wybe stiet it skema mei de rûte en tiden. Wa’t meikuieret bepaalt sels wannear en hoefolle kilometer. Men heakket oan en ek wer ôf earne op de rûte. En it giet fansels ek wer om in protte jild foar ûndersyk nei kanker op te heljen. Fia de webside fan Team Wybe kin dan ek jild oermakke wurde nei it goede doel.