In Geen categorie

Thys Wadman stiet boppe-oan! Der kin noch oant 10 oktober stimd wurde.

De lêste tuskenstân (1 oktober 9 oere):

1. De oerwinnings fan Tido Houtsma – 41,3%

2. Fan glês it brekken – 37,5%

3. Identiteit en kowesturten – 8,0%

4. Fol túch de mist yn – 7,4%

5. Gerben Rypma – 5,9%

De tuskenstân fan de stimming is nei 30 septimber net mear op de Fedde 2012 site te sjen. De einútslach fan de publykspriis wurdt op 12 oktober bekend. Jo kinne noch stimme o/m 10 oktober op www.fedde2012.nl

Dit jier rikt de Provinsje Fryslân de Fedde Schurerpublykspriis mei it byhearrende bedrach fan €2000,– út oan de skriuwer (m/f) fan it moaiste Frysktalige debút út de jierren 2008, 2009 en 2010. In advyskommisje fan trije minsken keas in shortlist fan fiif titels út de mear as fjirtich dy’t yn de beneaming kamen. Frysklêzers kinne út dy shorlist de priiswinner oanwize.

Sjoch ek op http://www.youtube.com/watch?feature=player_embedded&v=47g2XDBKToQ