In Geen categorie

Dizze simmer rinne ferslachjouwers fan Omrop Fryslân Radio yn tweintich etappes fan Ljussens nei Laaksum. Dêrby dogge sy ek Koudum oan. Middeis 26 july rûn healwei fiven komme de beide rinners oan yn ús doarp en de oare dei, op 27 july om 13.30 starte sy op it Fryslân-plein mei de folgjende etappe. Under it rinnen wurdt der rjochtstreeks ferslach fan dien yn it radioprogramma ‘Simmer yn Fryslân’.

Dat it programma nei Koudum komme sil is net earder as hjoed, 19/7 bekend wurden, dat Doarpsbelangen is no yn 7 hasten dwaande om in weardige ûntfangst fan de rinners yn Koudum ta te rieden. Doarpsbelangen ropt elkenien op om op woansdei 26/7 en op tongersdei 27/7 op de neamde tiden nei it Fryslân-plein te kommen om de ferslachjouwers te ûntfangen as wer út te wiuwen.

Op it plein sille aktiviteiten organisearre wurde, deroer komme neiere berjochten as dat foar de organisaasje nedich is.

Simmer yn Fryslân – Fan Ljussens nei Laaksum wurdt op alle wurkdagen fan 3 july oantemei 30 july fan 13.30 oant 17.00 oere útstjoerd. Op de webside www.omropfryslan.nl binne foto’s en ferhalen te finen fan de etappes dy’t al west ha.