In Geen categorie

De tachtichjierrige Rienk Pel is útroppen ta Koudumer Beantsje Fan It Jier 2005. Hy krige fan’t jier de measte stimmen fan de Koudumers yn de jierlikse ferkiezing foar it útjaan fan dizze earetitel. Foar de sjuery, de redaksje fan doarpskrante Bulte Nijs, lei it net dreech. Ald learaar Pel bekroadet him yn it ramt fan Flechtelingswurk al jierren oer it lot fan de flechtelingen yn Koudum en omjouwing en hat him ynsetten foar de Wrâldwinkel en Amnesty. Syn helpferliening is tige breed. Mei de âld auto en karre sleept er mei húsrie en dernjonken ûnderwiist er syn ‘klanten’ yn de Nederlânske taal. Ek foar oare minsken stiet Pel altiid klear om mei oan te pakken. Syn sels timmere hinnehokken steane troch hiel Nederlân.

Ooievaar op schoorsteen Morraplan