In Geen categorie

Sa’n fiifentweintich – tritich jier lyn, doet in pilske yn it kafé as in pakje sjek noch fl1.25 (€ 0.57) die en guon al in “mobyle” hiene yn de foarm fan in breeky breeky 27 MC bakje, wie Koudum in jier as wat yn de besnijing fan de eterpiraten. Sy hiene nammen as: “Butterfly”, “Lord Wanhoop”, “Goldfinger”, “Goudvink” en “De Súdwester”. De bekendste wiene “De Hofkesjonger”, letter “De Frisiana”, alias Romke Kroondijk en “Kees Snelbinder” fan bakker Úlke de Vries. Fersykplaten koene oanfrege wurde by tuskenpersoan Jappe Roosjen. Doe’t Hilversum troch staking in dei plat lei seach Romke syn kans, hy hat de hiele dei radio makke fanút syn studio yn de hoannebalken fan de pleats. Op it hichtepunt makke hy in LP “Frisiana Festival” mei regionale muzikanten. De opnamen wiene yn de Klink yn 1981, Piebe Bakker die de klankrezjy, boargemaster Ties Elzinga krige it earste eksimplaar. Op dy LP û.m. “Het lied van de Koudumer piraten” fan “De Goldstars”. Romke en kollega piraat Ülke stjoere noch altiid de muzyk út dêr’t se fan hâlde mar se dogge dat legaal sûnt sy by RTN oan de slach giene yn 1997. De Warkumer piraat Atze de Groot gie ek by RTN oan de slach. Op de website fan De Frisiana stiet ynformaasje oer de RTN programma’s fan de eks piraten en binne de útstjoeringen noch 14 dagen neitiid del te laden.