In Geen categorie

It sil der dochs fan komme mei it programma „Polityk Kaffee“bij de RTN.

Op tiisdeitejûn, 28 augustus fan 19.00 oant 20.00 oere, is de earste útstjoering en it begjint direkt mei in hot item, it MFA fan Warkum.

Wij freegje in oantal minsken om harren sechje te dwaan en ferwachtsje dat de harkers thús der op ynspringe en de sprekkers fan repliek tsjinje.

Wij sille it op priis stelle dat de Fer. Fan Pl. belangen, dus jo ek, geregeldwei minsken nei de studio komme litte om live ferhaal te dwaan fan wat harren dwers sit en/of op oaren te reagearjen.

Wij wolle jim derta graach de mooglikheid biede.

As wij sels in item miene te hawwen yn jo doarp of stêd sille wij graach bij jo oanklopje om ynformaasje en immen nei de studio komme litte om ek de rest fan Nijefurd ynformearje te kinnen.

As dat net te realisearjen is wolle wij graach in telefoannûmer hawwe om dy ynformaasje dochs ophelje te kinnen.

Wij wolle it programma graach sa spontaan mooglik hâlde en ek thúsharkers middels de tillefoan gelegenheid jaan om te reagearjen. Dat betsjut fansels ek dat jo as bestjoerslid en/of as partikulier elts momint reagearje kinne op útspraken dy’t yn it programma dien wurde.

De tiisdei te jun foar de riedsfergadering behannelje wij de riedsaginda en de wike dernei wolle wij graach it ferrin fan de riedsfergadering trochprate.

De politykepartijen krije ek dizze noeging om yn te spyljen op de mooglikheden fan dit programma.

Alle begjin is moeilik mar mei jim help moat it programma in sukses wurde.

Dus graach harkje en jo tillefoantsje nimme wij graach oan.

Tillefoannummer studio is: 0514 532133

De meiwurkers oant no ta binne:

Mefr. Erna Hendriks Bovenweg 13 8723 AP Koudum 06 12163285

Dhr. Wim Postma, Stasjonswei 72a 8722 HB Molkwar 0514 682087

Dhr. Jan Koster Buorren 20 8584VC Himmelum 0514 581969

Dhr. Durk Ybema Kalkwurk 19 8711 KA Warkum 0515 542586

De technyk is, foarearst, yn hannen fan Romke Kroandyk en hij nimt ek wat administraasje foar syn rekken.

Wij hoopje der noch in oantal minsken bij te krijen mar wolle dochs mar direkt begjinne.