In Geen categorie

MFS De Klink yn Koudum is sneintemiddei 8 maart it dekor foar in bysûnder konsert. Trije Fryske trûbadoers, Piter Wilkens, Marcel Smit en Gurbe Douwstra bringe dan harren lietsjesprogramma ‘Trûbadoersmiddei’. In programma wêryn’t elk fan de artysten solo in set mei harren eigen Frysktalich repertoire bringt. De trije manlju slute de middei dan mei harren trijen ôf.

In jier ferlyn, yn maart 2014, gie dit nije konsept fan Piter, Gurbe en Marcel yn premjêre en yntusken wurdt it programma alle moannen wol in kear spile earne yn de provinsje. En it publyk reageart entûsjast. It idee foar dizze konserten ûntstie by in earder mienskiplik optreden. Dat foel yn ‘e smaak by it publyk, mar ek by Piter, Marcel en Gurbe sels. De koppen waarden by elkoar stutsen en der waard besletten om fan dit konsept in nij programma te meitsjen. It giet dêrby om ‘luisterconcerten’, wêrby’t de trije sjonger/lietskriuwers in kar meitsje út de moaiste lietsjes út harren repertoire, fleurich en mankelyk, it sit der allegear yn. En meiinoar slute sy dan de middei ôf mei in tal, ûnder oaren ek spesjaal foar dit programma skreaune nije lieten.

It konsert set om 15.00 oere utein en reserfearje is mooglik fia reservearje@gmail.com.

Yntree: 10 euro