In Geen categorie

Ofrûne sneon wie de presintaasje fan it nije berneboek fan de Koudumer skriuwer Thys Wadman, Heity! Help!! It boek hat illustraasjes fan Wim Swart en mei dêrtroch is it in prachtich boek wurden om foar te lêzen, mar ek om sels te lêzen. It boek giet oer it jonkje Hidde, dy’t nachts bang is fan in meunster.

As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit. Dy moat him helpe. Heit sil it bist of it meunster grif wol fange kinne. Of fuortjeie. Mar oft dat slagget?

Heity!Help!! leit no yn ‘e boekwinkel (bygelyks boekhannel Muizelaar in de Hoofdstraat in Koudum) en kostet € 14,95. It boek is geskikt foar bern fan 4 oant 8 jier.