Nieuws & Activiteiten
 

Tekenje foar de takomst fan it Frysk!

dinsdag, 13 februari 2018

Op woansdei 21 febrewaris wurdt de jierlikse Ynternasjonale Memmetaaldei holden. Dy dei stiet yn it teken fan taalkundich en kultureel ferskaat en meartaligens. Tagelyk rint oan 3 april ta in Europeeske hantekeninge-aksje mei hast itselde doel: foarinoar krije dat foar minderheden en minderheidstalen yn Europa mear omtinken komt. Dy hantekeninge-aksje ûnder de namme MSPI (Minority SafePack Initiative), is bedoeld om yn hiel Europa in miljoen hantekeningen op te heljen. Op de Ynternasjonale Memmetaaldei moatte in protte handtekeningen ophelle wurde kinne! In protte organisaasjes freegje om dy dei hinne oan har minsken om te tekenjen. Dat dogge se yn mails, nijsbrieven en gearkomsten. Sy freegje faaks ek om dat daliks mar op 21 febrewaris, yn harren gebou te dwaan. Organisaasjes dy’t meidogge binne bygelyks: de Provinsje, NHL/Stenden, Tresoar, Afûk, FA, Cedin, SFBO. It earste echte fysyke hantekeninge-buro (stimburo) komt dy deis yn ‘Obe’ yn Ljouwert te stean. Der komme grif mear stimburo’s. Dyselde deis wurdt de trijetalige skoalle ‘De Pôlle’ yn Marssum de earste trijetalige skoalle mei stjer. Yn dat ramt krije Ynternasjonale Memmetaaldei en hantekeninge-aksje ek in protte omtinken.

Der bart mear, mar dat kin krekt noch net allegearre neamd wurde. Hâld dêrom mails, nijsbrieven, kranten en radio/tv yn ‘e gaten. It wurdt in bysûndere dei. Hantekeningen foar de takomst fan it Frysk! Wy moatte yn Nederlân 19.500 helje.Doch mei!

Wa’t dy deis der net op út wol, of net wit wêr’t in ‘stimburo’ is, kin thús digitaal tekenje. Dat kin gewoan op kompjuter, tablet of smartphone Minority Safepack Initiative > EU member states > opsykje en it formulier ynfolje. Op www.itnijs.frl wurdt byholden hokker ynstânsjes meidogge, wat der te sjen en te hearren is en fansels wêr’t tekene wurde kin.