In Geen categorie

Koudum 5 december 2025 – Ofrûne freed wie ien fan de trije foarrondes fan FeRstival, de Fryske foardrachtdrachtswedstriid, op it Bogerman College yn Snits. Dêr diene ek trije learlingen fan it Bogerman yn Koudum oan mei. Sanne en Marije út 1HV en Rosanne út 1BK. Alle trije famkes droegen harren gedicht hiel moai foar en dat wie bêst spannend: hielendal allinnich op in poadium, yn de spotlights en rjocht foar dyn noas de trije-koppige sjuery. Marije die it sa prachtich dat se troch mei nei de finale op sneontemiddei 31 jannewaris yn de Harmonie fan Ljouwert.

FeRstival is de grutste foardrachtswedstriid fan Fryslân. Alle jierren dogge der in hiel soad learlingen út it fuortset ûnderwiis mei oan FeRstival. De foarrondes wiene op 28 novimber yn Drachten en Snits. Op 12 desimber is de tredde foarronde yn Theater De Bres yn Ljouwert. De finale is op sneon 31 jannewaris 2026 yn teater de Harmonie yn Ljouwert. Oanfang 13.30 oere enpublyk is fan herte wolkom.

Foto van de Facebookpagina van het Bogerman Koudum.