In Geen categorie

2 De optocht yn de feestwike en it Koudumer Doarpsliet (2)

Sa’t ik yn myn foarige stikje sei: wy hiene ús opjûn foar de optocht yn de feestwike fan 2017. Want, tochten wy, as de optocht troch te min dielnimmers net trochgiet, dan leit dat yn elts gefal net oan ús. Mar wy wiene net de iennichsten dy’t sa tochten. Ynienen blykte dat de optocht wol 14 dielnimmers hawwe soe. Dat wol sizze, dy hiene har opjûn, mar dy moasten noch wol oan ‘e slach en meitsje in karre.

No diene guon teams dat al jierren. Dy kamen dan bygelyks byinoar yn Tarantella, dronken wat en hiene fuort de bêste plannen en de bêste materialen en de bêste bouwers, dat sa’n karre fan dy betûfte dielnimmers foel al gau yn ‘e prizen. Mar wy hiene noch hielendal neat, suver noch gjin idee hoe’tst soks oanpakke moast.

En it wie ek wol wat in apart klupke minsken dy’t oan ús karre meidwaan woene. It wie eins sa dat myn muzykstalke R. en ik tegearre op it idee kaam wienen, en fanwegen de galery siet ik in bytsje yn de keunsthoeke, dat wy tochten: dêr freegje wy wat minsken. Mei it praatsje dat sûnder ús karre dy ferhipte optocht wolris net trochgean kinne soe, krigen wy der wrachtich wat fan dy minsken by. “En dan meitsje wy in keunstkarre”, wat dat dan ek wêze mocht.

Gelokkich kin R. wol aardich út de fuotten mei it organisearjen fan it ien en oar. Hy is sa’n ien dy’t by in trekkertocht troch it doarp daliks op in bestjoerder fan in trekker ôfstapt en hat dan samar regele dat dy by de ‘grutte optocht’ ús karre wol lûke wol. Letterlik. Mar it begjin wie der. R. hie al rillegau ek it ferfolch: in karre. It wie in al wat âlden ien, dy’t er opskarrele hie by in pleats earne by Harich.

It tema fan ús karre soe ‘Koudum en keunst’ wurde, al woene wy der earst fan meitsje ’Koudum kulturele haadstêd’. Oer it tema ‘Koudum en keunst’ soe ik nammers ek wol twa stikjes skriuwe kinne, mar dat lit ik mar. Hawar, it begjin wie der, mar dan bist der noch lang net. Want hoe boust sa’n karre op en wêr boust de karre op? Ik sil net sizze dat wy alle problemen maklik oplosse koene, mar nei in soad fiven en seizen is ús karre der al kaam.

Op kreatyf gebiet bin ik – yn tsjinstelling ta myn frou – net in master, mar it skriuwen fan in lietsje slagget noch wolris. Foegje dêrby in bytsje sjonge en in noch lytser bytsje akkordeon spylje en dan witst wat ik kin. Dat ik kaam mei it idee fan in ‘konsept’. Wy soene mei ús karre it ‘konsept keunst’ ferbyldzje. En dat soene wy dwaan troch it op de karre sjongen fan it âlde doarpsliet fan Koudum én in nij lietsje oer Koudum. En dat lêste soe ik dan meitsje.

It âlde liet oer Koudum is fan 1970 en is foar hjoeddeiske minsken hast net mear te sjongen. Ja, de meldij fan ‘It heitelân’ bliuwt fansels prachtich. Mar sykje de tekst noch mar ris op yn myn foarige stikje, mei as lêste fjouwer rigels:

Dan dy moaije fiere sichten,
Nei Hylpen, Wâld’ en Ymedaam,
Fan’e Dammen oer de marren,
Koudum doarp, wy leavje dij!”

Sa ha ik in nij lietsje makke. Yn it Hollânsk. Dat soe ik no net wer dwaan, dat Hollânsk, mar ik stean noch altyd wol achter de ynhâld fan it refrein fan dat lietsje:

Het is geen kunst om in Koudum te leven,
geen kunst een Koudumer te zijn;
‘t warme hart van Zuidwest-Friesland te beleven
en deel van deze mienskip te zijn.

Nee, we foelen mei ús karre net yn ‘e prizen. Gelokkich smakke it bier prima yn de feesterij fan de matinee op freedtemiddei yn it doarpshûs, want dêr krigen we te hearren dat ús ‘keunstkarre’ as alderlêste einige wie by de sjuerybeoardieling. Mar we hiene wol moai meidien, al blykte it dochs noch wol efkes in keunst om in goede karre te meitsjen foar de Koudumer optocht.

Op it YouTube-filmke hjirûnder (fan Jan Droogsma) komt ús karre foarby fan minuut 1.18 oant1.50.

Nederlandse versie