In Geen categorie

De Beantsjes Fan It Jier 1994: Janny Vonk, 2002 Sake de Boer en 2004 Maurits Hettinga hawwe t.g.f. keninginnedei in ûnderskieding krige yn de ‘orde van Oranje Nassau’. It lintsje foar Janny en Maurits kaam op de dei dat se ôfskied nammen út it bestjoer fan doarpshús De Klink. Beide hawwe mear as tweintich jier aktyf west foar de Klink en foar it doarpshûs in protte berikt. Sake de Boer hat aktyf west op alderhande fronten, it meat bekend is hy fan syn wurk foar de Korenmolen de Vlijt yn Koudum ek omdat er sels alle winters in tal skaalmodel mounen bout. Mar hy is mei syn frou Joke bygelyks ek frijwilliger op pasjintereizen by it Reade Krús.

Rienk Pel Beantsje Fan It Jier 2005