In Geen categorie

It geheim fan ‘e Kânselier yn KoudumNet allinne foar folwoeksenen!

Kom op freed 13 april nei de reisfoarstelling It geheim fan ‘e Kânselier fan Tryater yn De Klink yn Koudum. It geheim fan ‘e Kânselier is in famyljefoarstelling geskikt foar elkenien fan 8 jier en âlder. De foarstelling begjint om 19.30 oere. Kaarten foar de foarstelling binne te krijen by boekhandel Muizelaar of fia www.deklinkkoudum.nl. Tryater spilet it stik noch oant en mei 28 april op tal fan plakken yn Fryslân.

It geheim fan ‘e Kânselier is skreaun troch Peter Sijbenga yn gearwurking mei Bram de Goeij, dy’t de regy fan it stik ek dien hat. Spesjale gast is Piter Wilkens – as Bline Arend, de sjongende cowboy. Hy en Peter Sijbenga tekenje foar de muzyk. Spilers binne Jan Arendz, Arnold Dijkstra, Nynke Heech, Eelco Venema, Laila el Bazi en Raymond Muller.

Dizze lêste twa spilers komme út de nije ploech Jong Tryater. Laila el Bazi docht de oplieding Artiest Drama oan de oplieding D’rive op it Friesland College. Raymond Muller sit op de oplieding Docent Theater fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. De foarmjouwing is yn hannen fan Johan Klijn en Annemarie Klijn.

‘Één van de mooiste voorstellingen van Tryater’ (Wijd & Zijd)

It stik jout moai wat materiaal mei om thús meiïnoar noch lang wille om hawwe te kinnen. ‘Dikke skyt’ en dêrnei allegear yn koar: bèèèh! Of, yn ‘e wurden fan in jonge besiker: ‘Niks meer dan SUPER, SUPER, SUPER.’ (Leeuwarder Courant)

It begjint allegear sa rêstich. Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardichst lân, dêr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang alderaardichst regearret oer jong en âld en elkenien. Teminsten, sa liket it… want Keimpe is syn heit kwyt. Mem seit dat er dea is mar dat wol Keimpe net leauwe. Hy beslút om syn heit te sykjen en bedarret yn in gefaarlik aventoer. Hy komt yn ‘e kunde mei opstannich merkefolk; dêr hast bygelyks de libbene kanonskûgel en it famke. Bringe dizze nije freonen him tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat.

Foar it earst sûnt jierren is Tryater wer op stap mei in famyljefoarstelling yn de provinsje.

Bram de Goeij – dy’t by Tryater bekend is fan syn regy fan de hilaryske jeugdfoarstelling Stamppot Smyt en de pjutte- en beukerfoarstelling Tomke siket om ‘e kluts –makket stikken mei ferskillende lagen. It binne net allinne de bern dy’t fan syn stikken genietsje. Ek foar folwoeksenen binne syn stikken de muoite wurdich. Elk genietet fan de betsjutting en de humor dy’t past by syn of har leeftiid.