In Geen categorie

Op tongersdei 19 desimber wie der feest op bernedeiferbliuw ‘it fûgelnêst’ yn Koudum. It sertifikaat ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ waard oerlange oan de liedsters en manager Barbara Heerschop. Op ‘it fûgelnêst’ wurd sûnt augustus 2010 wurke mei in belied dat rjochte is op de meartalige ûntwikkeling. De lokaasje hat it trajekt koartlyn ôfrûne. Yn it kader fan de sertifisearring is der in feest foar de bern hâlden. De liedsters hawwe sels mei Puk en Tomke in foarstelling opfierd. Nei de foarstelling wie der foar elk wat lekkers te iten en te drinken.

Provinsjale ûnderwiisbelied

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 140 en is noch altyd groeiende.

Bernedeiferbliuw ‘it fûgelnêst’ is in partikulier bernedeiferbliuw. De manager fynt it wichtich om tegearre mei har liedsters alle bern, ûnôfhinklik fan harren thústaal, in goede basis yn in meartalige ûntwikkeling te bieden. Op ‘it fûgelnêst’ wurdt it twatalige belied as folget stal jûn: De measte liedsters prate konsekwint Frysk tsjin de bern. It Nederlânsk wurdt oanbean troch ien fêste liedster en dêrneist yn ôfbeakene taalaktiviteiten sa as foarlêzen, sjongen en it wurkjen mei in pop. De liedsters biede har taal bewust en ryk oan en stimulearje de bern om in protte taal te brûken. Sa leverje sy in bydrage oan de taalûntwikkeling fan de jonge bern.

Sertifisearring

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.

It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.