In Geen categorie

Offisjeel is it winter fan 21 desimber oant 21 maart mar feitelik liket it nei 21 desimber meastentiids op kontinueren fan de hjerst. Fan’t jier ha wy gelok: de winter falt krekt yn it wykein. Op sneon koe hjir en der al riden wurde en snein wie de Koudumer iisbaan ek fertroud. De earsten wiene moarns al betiid op de baan, doe frear it noch in bytsje en stie der gjin wetter op it iis. Middeis waard it drokker en koest op plakken better net te lang stean bliuwe om gjin wiete fuotten te krijen. De bern ha eefkes priuwe kinnen oan it echte riden en de feteranen ha feststelle kinnen dat sy de slach noch altiid yn de fuotten hawwe. Fannacht sil it nei alle gedachten noch in bytsje frieze dat moarnier kin it ek noch eefkes en dan sil it earst wol wer dien wêze mei de riderij.

foto’s