In Geen categorie

Bêste ynwenners fan Koudum,

Ik sykje om in Ingrid Hielkema fanwege in réuny fan de Kweekskoalle fan Snits. Ingrid hat dêr op sitten fan 1960 – oant 1964. It is dus 50 jier lyn dat wy eksamen diene.

Yn oktober hâlde wy in réuny fan dy 3 parallelklassen. Ingrid kaam doe fan Skarsterbrêge. Ik haw dus in mail stjoerd nei Skarsterbrêge at se my helpe koene. Ik krige doe te hearren dat se dêr ek alris nei Ingrid socht hiene, fanwege in doarpsréuny. Mar har net fûn. Wol wisten se dat har mem yn Koudum wenne hie as wykferpleechster. Fandêr no myn fraach oan jim as Koudumers. Je hoopje dan dat der noch famylje is dy’t fierder helpe kin.

Ingrid wenne yn Skarsterbrêge by har pake en beppe.

Ik wachtsje ôf.

Mei freonlike groetnis, Coby de Boer 0515 424448.