In Geen categorie

Dat it nostalgysk foto-album fan Koudum makke wurdt yn Grins sil foar guon minsken gjin nijs wêze. Sy kinne grif âld Koudumer Hindrik de Jong fan froeger. Hindrik is de soan fan oannimmer Sybolt de Jong en wenne yn syn Koudumer jierren op de Havenkade. Hy is de betinker en stille kracht achter dizze webside wer’t alle dagen in soad minsken fan oer de hiele wrâld fan genietsje en foto’s en ynformaasje oer it âlde Koudum ôfhelje.

Troch de jierren is der in goede en jimmeroan neiere gearwurking ûntstien tusken de Jong en de minsken fan de Wurkgroep Histoarysk Koudum (WHK). Dat der no ek in gearwurking komt mei de Ynternet-wurkgroep is nij. It nostalgysk foto-album is fanôf hjoed te finen op: http://nostalgisch.koudum.nl. Jo sille miskien merke dat de foto’s wat flugger ynlade en dat der gjin reklame mear meikomt. De stap is setten om de kontinuiteit te borgen. Yn de takomst wol de Jong mooglik wat taken oerdwaan, en tegearre sil men studearje op nije mooglikheden fan presintearjen sa as bygelyks in digitale makette fan âld Koudum.