In Geen categorie

Op 2 novimber sil Thys Wadman by Boekhannel Muizelaar foarlêze út û.o. “De Bisteboel fan Omke Roel”. Johan Bloem soarget foar de muzyk.

Bern fan groep 3 o/m 5 binne wolkom fan 14.30-15.00 oere en fan groep 6 o/m 8 fan 15.30-16.00 oere. Wol efkes opjaan, want fol is fol!!! Opjefte yn é winkel of fia de mail: info@boekhandelmuizelaar.nl

"De bisteboel fan Omke Roel" is in boek mei spannende ferhalen fan Thys Wadman en fleurige ferskes fan Hindrik van der Meer mei nije arrânzjeminten fan Kees van der Meer. By it boek sit in cd dêr’t alle ferskes op stean.

Thys Wadman begûn in jier as wat lyn mei it skriuwen fan ferhalen. Dy ferhalen binne bondele yn it boek "De Oerwinnings Fan Tido Houtsma", dat yn 2010 ferskynd is. Yn septimber 2011 is "De Bisteboel fan Omke Roel" as Aksjeboek foar bern 2011 útkommen.