In Geen categorie

It is grif noch net sa faak bard dat fan twa gemeenten it earste ljipaai fûn is troch deselde aaisikers op deselde middei. It earste ljipaai fan Gaasterlân-Sleat seagen de beide feste aaisikersmaten Gelke Broersma en Johannes van der Wal ek nochris tagelyk lizzen. Se fûnen it op woansdeitemiddei 12 maart om healwei twa-en by Aldegea. Oan it ein fan de middei wie it alwer raak, no by Koudum, in twake, Johannes seach de kâns en Gelke fûn de aaien. It trochjaan fan de fynst wie noch in hiel probleem, it waaide sa hurd dat de mannen har troch de mobile tillefoan net fersteanber meitsje koenen. Dan duorje de tsien minuten om by de auto te kommen lang, doe’t se dan yn e lijte wienen en belje koenen wie it gemeentehûs yntusken ticht. It is goed kommen dat hjoed koe net eisocht wurde want se wiene die hiele middei drok mei de pichtplegingen op de gemeentehuzen.