In Geen categorie

Bruno Rummler, bekend fan ‘The Night of the Beantsjes’, stiet mei twa nûmers yn de Fryske top100 fan 2011. Op âldjiersdei sil Omrop Fryslân dizze top100 útstjoere. Syn ferske ‘Simmer yn Fryslân’ waard net útkeazen as Omrop Fryslân simmerhit, likernôch wie er der mei it skûtsjesilen, op eigen kracht en mei in gitaar dy’t twa snaren miste, hast alle dagen mei op de radio en stiet dit fleurige ferske op nûmer 84 yn de top100. It tige romantyske ‘Sulveren snie’ fan Jan Tekstra, dat er tegearre sjongt mei Judith Fledderus, is in echte knaller en komt binnen op nûmer 14.

Simmer yn Fryslân: http://soundcloud.com/jonathan-87/simmer-yn-fryslan

Sulveren Snie: http://www.youtube.com/watch?v=4TFkebOa6fQ