In Geen categorie

Moai nijs foar de ynternetters en dan benammen dy ynternetters dy’t wend binne om Internet Explorer fan Windows te brûken. Se kinne fan hjoed ôf de Avant browser ‘downloade’. Berend Ytsma fan Noardburgum hat op ‘e nij in browser oerset nei it Frysk ta. It bysûndere fan de Avant-blêder is dat hy wurket mei de motor – it ûnderlizzende programma – fan Internet Explorer. Dêr wurdt in Fryske (taal)skyl oerhinne setten. Jo wurkje sa yn it Frysk mei jo bewende IE. De Avant Browser is yn te laden fan: http://www.avantbrowser.com/download.html en dêrnei yn it menu ‘tools’ gewoan op de meilevere Fryske taal yn te stellen.