In Geen categorie

Op freed 6 july kriget pjutteboartersplak Beantsjekroas it sertifikaat "Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling". Beantsjekroas sil it twadde pjutteboartersplak wêze fan Sisa Kinderopvang dy’t it sertikaat kriget. Ytsje Hettinga, Fryske skriuwster en tonielspielster, sil it sertifikaat oerlangje oan de liedsters fan it pjutteboartersplak.

Pjutteboartersplak Beantsjekroas

It pjutteboartersplak hat syn ûnderkommen yn it gebou fan de thússoarch. De romte is ljocht en rêstich ynrjochte en sjocht der fleurich út.

Yn Koudum wurkje de liedsters neffens it prinsipe "ien persoan, ien taal". It Nederlânsk wurdt oanbean yn ôfbeakene taalaktiviteiten bygelyks troch in sjongferske, opsisferkes en by foarlêzen fan boekjes.

Sûnt 2009 hat Beantsjekroas dwaande west mei it sertifisearringstrajekt.

De fisitaasjekommisje skriuwt yn harren rapport it folgjende: "De liedsters gean hiel posityf mei de bern om. Der is in dúdlike struktuer yn de groep. De bern krije positive befêstiging en leare hoe ‘t se mei elkoar en mei de liedsters omgean moatte. Yn de aktiviteiten en it taalgebrûk wurdt op in natuerlike wize omtinken jûn oan de ferskillen tusken de bern. De liedsters beneame wat se dogge en wat de bern dogge".Sertifisearring:

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied.

Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.

It taalbelied hat as doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek ta goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.

Provinsjale ûnderwiisbelied:

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 120 en is noch altyd groeiende.

Program:

In feestprogram foar de pjutten

10.00 oere De pjutten fan de groep fan moandei en woansdei binne fan herte wolkom op de freed groep

10.05 oere Ballonneman Mark komt by ús op besite en de bern kinne

bûtenboartsje

In offisjeel program mei oanslutend in hapke en drankje foar âlders en pjutten

10.45 oere Alders en oare gasten komme

11.00 oere Ytsje Hettinga hâldt in koart praatsje en oanslutend krije de

pjutten in iisko

11.15 oere Ein fan it feest