In Geen categorie

Yn de fyftiger en sechtiger jierren fan de foarrige ieuw stie Nij libben út Koudum yn de blaasmuzykwrâld bekend as in legindarysk orkest, ien fan de fiif bêste korpsen fan Nederlân waard wol sein. Yn 1961 hawwe se sels yn Den Haag optreden yn it ramt fan it ferneamde “Holland festival” en se wûnen yn dy snuorje sawat jier op jier in lannelik muzykkonkoers. Op ien fan dizze konkoersen is in “live”opname makke fan it optreden fan Nij Libben. De opname is festlein op skellakplaten en die platen binne mei nei Koudum nommen troch doedeiske fee-arts en Nij Libben stiper Bouke Oosterhout. Okkerdeis kamen se wer foar it ljocht en hat soan Gerard Oosterhout oan Jaap van der Veer frege om de opnamen oer te setten op in CD. Dat wie noch in hiele toer want de kwaliteit fan de opname-apparatuer hat grif net alte alte west en derby wiene de platen der min oan ta. As de muzyk klonk wie it as sieten jo tagelyk sjips te iten en der klonken ek noch brom- en fluittoanen trochhinne. Jaap hat al syn kennis en erfaring út de kast helje moatten om der wat fan te meitsjen. Sjoen it útgongsmateriaal is dat goed slagge, de muzikale kwaliteit fan it orkest is dúdlik te hearren.

Troch te klikken op it MP3 linkje hjrûnder hearre jo twa marsen, werfan oant no ta de titel net boppe wetter is, spile troch Fanfare Nij Libben út Koudum op it “Najaars Muziekconcours” yn Leien (Leiden) fan sneon 21 novimber 1964.

Op de CD steane dernjonken twa symfoanyske wurken: “Wuthering Heights” en “Le Roy d’Ys”, de mars “Unter dem grillenbanner”, en it koraal “Bleanwern”. As jo belang hawwe by de CD dan kinne jo kontakt opnimme mei de Wurkgroep Histoarysk Koudum.De readen en de finen

Foar de Oarloch hie Koudum twa korpsen; “Richard Holl” en “Looft den Heer” (oprjochte yn 1890). rûchwei de readen en de finen. Sa wie dat yn dy tiid fan “verzuiling”. Bert Haanstra hie it senario foar syn film “de Fanfare” sa yn Koudum meitsje kinnen stel ik my foar.

Nei de oarloch binne beide korpsen bymekoar stapt en út dy fúzje ûntstie Nij Libben op 7 desimber 1946. It Korps bestiet dus fan’t jier 60 jier. De nije feriening moast in algemien karakter hawwe dertroch koe net oanslúten wurde by it Fryske bûn fan muzykferieningen want dy wie kristelik. Ny Libben kaam by de Algemene Nederlandse Muziek Unie, ANUM, en besocht dertroch ek de konkoersen fan die organisaasje.

Wurdt ferfolge