In
Wanneer:
25 september 2021 @ 22:30
2021-09-25T22:30:00+02:00
2021-09-25T22:45:00+02:00
Waar:
Boekhandel Muizelaar
Kosten:
Gratis

Op 3 septimber presintearre Ytsje Hettinga har nije boek ‘Hiemhûn en oare ferhalen’. Dat barde fanwege koroana yn in lyts fermidden. Oankommende sneon sil de Koudumer skriuwster fan 10.30 oere ôf har boek sinjearje yn boekhannel Muizelaar.

Hiemhûn’ is in bondel mei koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder. Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes yn Hiemhûn fan beukerskoalle nei libbensein. Dêr tuskentroch komme we harren yn ferskate, soms werkenbere, situaasjes tsjin.

Guon ferhalen binne anekdoatysk, oaren in miks fan fiksje en non-fiksje.Ytsje Hettinga skriuwt neist ferhalen en gedichten ek toaniel en set stikken oer. Dy erfaring fernimdt bygelyks yn it brûken fan dialogen. Ut en troch krige se prizen foar har ferhalen. Guon fan dy ferhalen binne opnommen yn dizze nije bondel.