In Geen categorie

Teatergroep SULT bestiet 10 jier. Dit jubileum wurdt fiert mei “In Wintermearke”. In bewurking fan it Shakespeare stik: “A Winter’s Tale”. De bewurking is makke troch Bouke Oldenhof. De rezjy is yn hannen fan Pieter Stellingwerf.

Teatergroep SULT kin werom sjen op in gruttal prachtige produksjes. Yn al dy jierren hat SULT in grutte skare freonen en in fijne frijwilligersploech opboud. SULT hat in eigen plak ynnommen yn it Fryske teaterlibben en yn de herten fan in protte fêste SULTgongers.

“In Wintermearke” wurdt in famyljefoarstelling mei in smak humor. It is in leafdesferhaal dat him lient foar in macht oan gekke fynsten. Yn SULT’s benadering fan Shakespeare draait it om bewegen. Want bewege dat dogge minsken te min en se ite te folle mei as gefolch dat sa njonkenlytsen minsken, en ek bern, te grou binne. “Shakespeare-light” dat is it doel fan SULT. De foarstelling wurdt delsetten yn de sporthal te Koudum en spilet yn de krystfakânsje. Strategysk sjoen is dat, mei it each op it tema, nei alle gedachten in poer geskikte tiid. De foarstellingsdata binne: 28 (TRY OUT), 29 en 30 desimber en 2, 3,4, en 5 jannewaris. Yn de foarstelling krije in soad jonge nije talinten in kâns. De foarstelling is foar elkenien fan tsien jier ôf. It beloofd in fet strakke foarstelling te wurden.

Foar it tsienjierrich jubileum hâldt teatergroep SULT in bysûndere aksje.

Dizze aksje is op 10 oktober oankommend. Alinne op de 10de fan de 10de binne tusken 10 oere moarns en 10 oere jûns de kaarten foar dizze foarstelling by 10stiks tagelyk te keap foar 10 euro it stik.

Reservearje 0514-682479 www.teatergroepsult.nl